thumb|Kristus Pantokrator (Hillich Grêftsjerke). Pantokrator (Gryksk: Pantokratōr) betsjut letterlik "hearsker oer alles". Yn 'e kristlike keunst is it in soad foarkommende werjefte fan Jezus Kristus. As Pantokrator wurdt Kristus ôfbylde as de almachtige skepper en rjochter fan it universum.
Betsjutting De term leit de klam op 'e godlike macht fan God oer de hiele skepping. Hoewol't it wurd yn 'e Grykske âldheid somtiden foar heidenske goaden brûkt waard, waard it yn it Nije Testamint (Iepenbiering 1:8, 4:8, 11:17, 15:3, 16:7, 16:14, 19:6, 19:15 en 21:22; 2 Korintiërs 6:18:) en hûnderten kearen yn 'e Septuagint de fêste oantsjutting foar de almacht fan God. De ikonografy stelt Kristus foar as de "Rjochtfeardige Rjochter" en tagelyk de "Leafhawwer fan it Minsdom".
Skaaimerken yn de Ikonografy In Kristus Pantokrator-foarstelling is faak te finen is yn 'e sintrale koepel of apsis fan otterdokse tsjerken. Yn 'e foarstelling wurdt Kristus frontaal ôfbylde, meastentiids sittend op in troan. Mei de rjochter hân wurdt in seinigjend gebear makke. Faak wurde de fingers sa holden dat se ferwize nei de Trije-ienheid en de twa natueren fan Jezus (godlik en minsklik).
Yn 'e lofter hân wurdt in ticht of iepen Evangeelje-boek fêstholden, wat symboal stiet foar it wurd dêr't de wrâld mei oardiele wurdt. De grutte eagen hawwe in trochkringende blik, wylst de hege foarholle wiisheid útstrielet. Kristus wurdt mei krúsnimbus ôfbylde (in ljochtkrâns mei in krús) mei dêryn de Grykske letters Ο Ω Ν, wat "Dejinge dy't Is" betsjut.
Foarbylden Yn it Sint-Katarinakleaster yn Egypte wurdt in 6e-iuwk ikoan bewarre, de âldste bewarre Pantocrator-ikoan. It is unyk om't it de twa natueren fan Kristus (minsklik en godlik) sjen lit troch in lichte asymmetry yn it gesicht. Yn 'e Hagia Sofia fan Istanbûl is it 13e iuwske mozayk ien fan 'e moaiste foarbylden fan Byzantynske keunst. Kristus wurdt hjir flankearre troch Marije en Jehannes de Doper. It mozayk yn it kleaster fan Dafni by Atene is in mozayk yn 'e sintrale koepel (± 1100) is ferneamd om de strange blik fan Kristus, dy't benammen de rol fan 'e rjochter ûnderstreekje moat. Yn 'e katedraal fan Monreale op Sisylje is in gigantysk mozayk yn 'e apsis fan 'e tsjerke, dat de hiele romte oerhearsket. Kristus wurdt dêr ôfbylde mei in iepen boek dêr't de tekst "Ego sum lux mundi" (Ik bin it ljocht fan 'e wrâld) op te lêzen is. Yn 'e domtsjerke fan Cefalù op Sisylje is in ferlykber mozayk as yn Monreale, mar noch wat âlder (12e iuw).
Kategory:Kristlike keunst Kategory:Jezus