De Afrikaanske nimmersêd of Afrikaanske nintersêd (Mycteria ibis) is in fûgel út it skaai fan 'e kealkopearrebarren (Mycteria) yn 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae).
Ferskining De Afrikaanske nimmersêd kriget in lingte tusken 95 en 104 sintimeter en hat in spanwiidte tusken 1,50 en 1,65 meter. Syn felgiele snaffel kin 25 sintimeter lang wurde en by de basis fan 'e snaffel begjint in bloedread fearreleas gesichtsmasker. De oare soarten yn it skaai hawwe in mear oranje/rôze masker. De fearren fan 'e Afrikaanske nimmersêd binne frij wyt mei in wat grizige krún en nekke. De wjukken binne wyt mei swarte slachpinnen en guon dekfearren kinne in rôze kleur ha. Lykas by syn sibben binne yn 'e flecht brede, swarte streken op de boppe- en ûnderwjuk te sjen. De koarte sturt hat in swarte kleur en de poaten binne ljochtrôze. Yn 'e briedtiid kinne de kleuren fan it gesichtsmasker en de poaten folle feller wêze. Mantsjes en wyfkes binne hast gelyk oaninoar oangeande it uterlik.
thumb|left|Juvenyl. Jonge Afrikaanske nimmersêden sjogge der hiel oars út as de folwoeksen fûgels. Dêr't de âlden in wyt fearrekleed hawwe, binne de jongen oer it algemien griisbrún fan kleur. Ek de snaffel is yn it earstoan noch dof en feal gielich en it karakteristike reade gesichtsmasker ûntbrekt noch folslein; dat diel fan 'e kop is by harren noch mei ljochte fearkes begroeid. Pas as se folwoeksen wurde, ferlieze se dy fearren op 'e kop en komt de felle reade hûd foar it ljocht. It duorret likernôch ien jier foardat de jonge fûgel it fearrekleed fan 'e folwoeksen fûgel hat.
Fersprieding De Afrikaanske nimmersêd komt rûnom yn Afrika foar besuden de Sahara en op Madagaskar. It is in fûgel dy't him maklik neffens de reinfal en de wetterstân ferhûzet nei gebieten dêr't op dat stuit it measte fretten te finen is. De fûgel hat in foarkar foar ûndjip wetter, lykas de iggen fan marren, sompen, rivieren en ek wol rysfjilden.
Ekology thumb|left|Fûgel mei jong. De Afrikaanske nimmersêd is in sosjale fûgel dy't it grutste part fan 'e dei trochbringt mei it sykjen nei fretten yn ûndjip wetter. Hy jaget troch mei syn snaffel heal iepen yn it wetter te rinnen. Mei ien poat riert er yn 'e dridze om fisken, kikkerts of ynsekten op te jeien. Sadree't in proai syn snaffel rekket, klapt er dy mei in ekstreem flugge refleks yn 25 millisekonden ticht. Dat is ien fan 'e fluchste reaksjes yn it bisteryk.
De fûgel is ôfhinklik fan 'e dynamyk fan wiete gebieten. Sadree't it wetterpeil sakket, komme fisken fêst te sitten yn lytse puollen, wat it foar de nimmersêd makliker makket om in soad fretten te fangen. Dat is ek de reden dat se faak nomadysk binne en de reinfal folgje.
De nimmersêd briedt yn koloanjes, meastentiids heech yn 'e beammen dy't yn of tichteby it wetter steane. Se diele sokke briedplakken faak mei oare fûgels lykas reagers, leppelbekken of oare earrebarren. In nêst bestiet meast út twa oant fjouwer aaien, dy't troch beide âlders útbret wurde. De jongen wurde troch de âlden tegearre fuorre mei útkoarre fretten oant se nei likernôch twa moanne sels it nêst ferlitte kinne.
Status thumb|260px|Groep fûgels yn Tanzania. De populaasje is oer it generaal grut mar yn dielen fan West-Afrika stiet de fûgel ûnder druk trochdat dêr geskikt leefgebiet ferlern giet. Yn Nigearia is de populaasje bygelyks tige tebek rûn. Ek op Madagaskar binne de oantallen folle lytser as op it fêstelân fan Afrika. Troch yrrigaasje en wettergebrûk yn tichtebefolke gebieten is de fûgel yn dielen fan it ferspriedingsgebiet as briedfûgel sa goed as ferdwûn, lykas yn' e Sahel-sône. Yn guon regio's yn West-Afrika wurdt der noch op 'e fûgels jage foar it fleis of foar tradisjonele medisinen. Bolwurken fan 'e fûgel binne te finen yn súdlik Afrika lykas de Okavango-delta yn Botswana en de gebieten om de Sambezy-rivier hinne yn Sambia en Simbabwe.
De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kealkopearrebarre Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe