De Hauptkirche St. Jacobi (Sint-Jabikstsjerke) is ien fan 'e fiif tradisjonele haadtsjerken fan 'e stêd Hamburch yn Dútslân. Mei de karakteristike slanke toer fan 125 meter heech is de tsjerke al om fierrens te sjen.

Skiednis De skiednis fan 'e Sint-Jabikstsjerke giet werom nei de 13e iuw. De earste fermelding fan in kapel op it stee datearret fan 1255. Doe stie de tsjerke noch krekt bûten de stedsmuorren fan Hamburch, tusken de hannelsrûtes fan 'e Eastsee en de Elbe. It wie de tsjerke foar de reizgers en keaplju, wat ek de namme ferklearret: de hillige Jakobus de Meardere is de beskermhillige fan pylgers. Tusken 1350 en 1400 waard de kapel ferfongen troch in goatyske tsjerke.

Yn 'e rin fan 'e iuwen groeide de tsjerke út ta in wichtich symboal foar de stêd. Hoewol't de tsjerke de grutte brân fan 1842 oerlibbe, waard it gebou op 18 juny 1944 yn 'e Twadde Wrâldkriich hast folslein ferneatige troch de swiere bombardeminten op 'e stêd. It ynterieur wie op 'e tiid feilich opslein en sa bleaune it oargel en de alters bewarre. Tusken 1959 en 1963 is de tsjerke neffens de midsiuwske foargonger werboud.

Lukasalter.|250x250px 250x250px 250x250px Lukasalter (1500) De toer yn 1675 De toer yn 1830

Arsjitektuer De Jabikstsjerke is in typysk foarbyld fan 'e Noarddútske bakstiengotyk. It is in saneamde halletsjerke, itjinge betsjut dat de sydskippen likernôch like heech binne as it middenskip.

It meast opfallende skaaimerk oan 'e bûtenkant is de toer fan 125 meter; it is ien fan 'e heechste tuorren fan 'e stêd. De hjoeddeiske spits, dy't yn 1963 foltôge waard, hat in moderne, slanke foarm.

Ynterieur thumb|left|Arp Schnitger-oargel. It ynterieur fan 'e Sint-Jabikstsjerke is ryk oan keunstskatten dy't de ferneatiging fan 'e oarloch oerlibbe hawwe. It neamen wurdich binne:

Trije let-midsiuwske alters: it Trinitatis-alter (1518): it Sint-Piter- of Fiskersalter (1508) en it Sint-Lukas-alter (1500; ôfkomstich út 'e yn 1804 ôfbrutsen Marijedom). De Herrensaal is de boppeferdjipping fan 'e sakristy en ryk mei skilderijen fersierd, dy't de deugden fan in goede bestjoerder ferbyldzje. De brânskildere ramen binne fan nei de oarloch.

Arp Schnitger-oargel It pronkstik fan 'e tsjerke is it Arp Schnitger-oargel út 1693. It is it grutst bewarre bleaune barokoargel fan Noard-Europa en it hat mear as 4.000 pipen en 60 registers. It oargel is wrâldferneamd fanwegen syn unike klank. Sels Johann Sebastian Bach hat yn 1720 op it ynstrumint spile, doe't er graach organist yn de St. Jacobi wurde woe (hoewol't er dy baan úteinlik net krige). Meidat de pipen yn 'e oarloch yn in bunker opslein waarden, hat it ynstrumint de oarloch oerlibbe.

Kategory:Bouwurk yn Hamburch Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân Kategory:Bouwurk út 1963