De Yndyske nimmersêd of Yndyske nintersêd (Mycteria leucocephala) is in fûgel út it skaai fan 'e kealkopearrebarren (Mycteria) yn 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae).
Beskriuwing De fûgel is foar it grutste part wyt mei glânzjend swarte slachpinnen mei in griene gloed. Op it boarst fan 'e fûgel is un brede swarte bân mei wite markearingen en de koarte sturt is folslein swart. Op 'e efterkant fan 'e wjukken hat de fûgel opfallend rôze kleuren. Hy hat in keal, oranje-read gesicht en in lange, giele snaffel dy't oan de punt wat nei ûnderen bûget. De poaten binne faak fleiskleurich of rôze-eftich.
Jonge fûgels binne te werkennen meidat se griisbrún oant smoarchwyt fan kleur binne. Se ha gjin karakteristike swarte boarstbân en de kop is noch net keal en oranjeread, mar bedutsen mei ljochte fearren. Ek ûntbrekke de rôze kleuren.
Fersprieding De Yndyske nimmersêd hat in grut ferspriedingsgebiet dat oer it grutste part fan Súd- en Súdeast-Azië leit. De fûgel komt foar yn lannen as Yndia, Sry Lanka, Nepal, Bangladesj, Birma, Tailân, Kambodja en Fjetnam. thumb|left|Koloanje yn Yndia. De grutste populaasjes telt Yndia. Dêr komme de fûgels in soad foar yn it Nasjonaal Park Keoladeo en ek Uppalapadu en Telineelapuram yn Andhra Pradesh ha ûnbidich grutte briedkolonjes. Yn it doarp Kokkare Bellur (Karnataka) briede de fûgels midden tusken de minsken yn beammen en sels de stêd Delhi telt hûnderten briedende pearkes. Op Sry Lanka is fral it Nasjonaal Park Kumana bekend as bolwurk, dêr't neffens rûzing tûzen briedpearen sitte. Om 'e Tonlé Sap-mar hinne yn Kambodja levere in telling yn 2021 mear as 3.000 pearen op. De soarte is yn Maleizje en op Singapoer yntrodusearre en dêr briede se om 'e stêd Putrajaya hinne
De fûgel mijt de hiele drûge woastyngebieten en de hege bergen fan 'e Himalaya. It binne meastal stânfûgels, mar jonge fûgels kinne har oer hûnderten kilometers ferspriede om nij leefgebiet te sykjen.
Hâlden en dragen It briedseizoen falt gear mei de reintiid. Yn Noard-Yndia briede se meastentiids fan augustus oant oktober, wylst se yn it suden fan novimber oant maart briede. Beide skaaien bouwe in grut, platfoarmeftich nêst fan tûken. It wyfke leit meastentiids trije oant fjouwer aaien. Beide âlden wikselje inoar ôf by it brieden, dat likernôch 30 dagen duorret. Op hite dagen steane de âlden mei de wjukken wiid oer it nêst om 'e jongen skaad te jaan. Ek spuitsje se bytiden wetter of dong oer harren eigen poaten om ôf te kuoljen, thumb|left|Foerazjearjende fûgels. De nimmersêd is fral in fiskiter, mar hy is net sinnich en pakt alles wat der oan proaien foarby komt. Se foerazjearje faak yn groepen en driuwe fisk nei ûndjip wetter. Se jeie it leafst yn wetter fan sa'n 7 oant 10 sm djip. Lykas oare soarten yn it skaai rint er troch it dridzige wetter mei de snaffel healiepen en sadree't in proai syn snaffel rekket klapt er dy snaffel yn minder as 25 millisekondes ticht.
Status De wrâldpopulaasje waard yn 2023 op 20.000 oant 60.000 folwoeksen fûgels rûsd en tocht wurdt dat de oantallen tanimme. It grutste part fan 'e populaasje libbet yn Yndia, dêr't de fûgel him goed oanpast hat oan it lânboulânskip en de oantallen tige tanommen binne. De fûgel lit ek in werstel yn Súdeast-Aazje sjen, dêr't it earder net goed gie, lykas yn 'e Tonlé Sap-regio yn Kambodja. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2023) op 'e Reade list. Yn Tailân en Fjetnam binne de oantallen neffens it ferline lykwols noch jimmeroan leech.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kealkopearrebarre Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Eksoat yn Maleizje Kategory:Eksoat yn Singapoer