De sealbekearrebarre (Ephippiorhynchus senegalensis) is in grutte fûgel út 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae). De fûgel komt foar yn Subsaharaansk Afrika.

Ferskining De sealbekearrebarre is ien fan 'e grutste eibertfûgels fan 'e wrâld. De fûgel kin wol 150 sm lang wurde en hat in spanwiidte tusken de 240 en 270 sm. It fearrekleed is in skerp kontrast fan swart en wyt: de kop, nekke, rêch en wjukken binne glânzgjend swart, wylst it boarst en de búk folslein wyt binne. Midden op it wite boarst sit in keal, read plakje hûd, dat goed te sjen is as de fûgel rjochtop stiet. It meast opmerklike skaaimerk is de massive snavel. Dy is read mei in brede swarte bân yn 'e midden. Boppe op 'e snavel, tsjin 'e kop oan, sit in giele, lear-eftige plaat dy't op in seal liket (dêrfandinne de namme fan 'e fûgel). Wylst de poaten swartgriis binne, binne de knibbels en hakken rôzeread. In nijsgjirrich detail is dat it ferskil tusken mantsjes en wyfkes oan 'e eagen te sjen is: mantsjes hawwe donkerbrune eagen, wylst de wyfkes opfallend giele eagen hawwe.

Juvenilen binne griis-brún op 'e plakken dy't letter swart wurde. De snaffel is dofbrún oant griisich en it giele "seal" op 'e snavel ûntbrekt noch of is doffer. Ek jonge wyfkes ha noch donkere eagen.

Fersprieding en systematyk De seadelbekearrebarre komt yn grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara foar, fan Senegal yn it westen oant Etioopje yn it easten en Súd-Afrika yn it suden. Se binne sterk bûn oan wetterrike gebieten lykas sompen, marren, rivierdelta's en oerstreamde greiden. Se wurde selden sjoen yn drûge gebieten of tichte bosken.

Hâlden en dragen De sealbekearrebarren wurde meastentiids allinnich of yn pearen sjoen. Se binne tige territoriaal en bliuwe faak jierrenlang yn itselde gebiet. De nêsten binne ûnbidich grutte platfoarms fan wol twa meter breed fan tûken heech yn de beammen. Seadelbekstorken binne monogaam en foarmje pearen dy't meastentiids harren hiele libben byinoar bliuwe. It wyfke leit meastentiids oan 'e ein fan 'e reintiid 2 oant 4 wite aaien. It brieden duorret sa'n 30 oant 35 dagen en beide âlden wikselje inoar ôf. Nei it útkommen fan 'e aaien brûke de âlden op hite dagen harren snavel om wetter oer de piken te spuitsjen om se koel te hâlden, of se steane mei de wjukken wiid om de jonge fûgels skaad te jaan. Jonge fûgels fleane nei 3 oant 4 moannen út en bliuwe dan noch in skoft by de âlden.

Wat it iten oanbelanget, binne it betûfte jagers. Se rinne stadich troch it ûndjippe wetter en brûke harren snavel om op 'e taast of mei flugge slaggen proaien te fangen. Se ite benammen fisk, mar ek kikkerts, krabben, hagedissen en bytiden sels lytse fûgels of sûchdieren. Krekt as de measte earrebarren binne se frij stil; se meitsje gjin lûd mei de kiel, mar kommunisearje troch mei de snavel te klepperjen.

Status en bedrigingen thumb|left|Fleanende fûgel yn it Nasjonaal Park Serengeti. Op de Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgel op it stuit as gefoelich (Near Threatened). Dochs binne der soargen oer de populaasjes yn spesifike regio's. De fûgel is bygelyks yn Togo en Eritreä útstoarn en der is habitatferlies troch it drûchlizzen fan sompen foar lânbou of yndustry en stedsútwreiding en oare bedrigingen binne fersteuring en wetterfersmoarging. Yn Súd-Afrika wurdt de soarte as bedrige klassifisearre om't dêr noch mar in lyts oantal briedpearen binne.

Bysûnderheden en namme De namme sealbekearrebarre ferwiist nei de giele plaat op 'e snaffel. De fûgel wie al yn it âlde Egypte bekend en wurdt ôfbylde yn hieroglifen (it teken 'ba'). Der wurdt oannommen dat dit der op wiist dat it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte yn 'e Aldheid folle fierder nei it noarden ta lei.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sealbekearrebarre Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe