De wolhalsearrebarre (Ciconia microscelis) is in fûgel yn it skaai earrebarren (Ciconia) út it skift eiberteftigen (Ciconiiformes).
Ferskining thumb|left|Fûgel yn Súd-Afrika. De wolhalsearrebarre is in grutte fûgel fan 86 oant 95 sm. De fûgel is oer it generaal swart, útsein de wollige wite nekke en ûnderbúk. De dekfearren binne glânzjend donkergrien, it boarst en de búk wat pearskleurich. De snaffel is by de basis swart of hiel donkergriis, mar hat in opfallende reade of donkerreade punt. By guon fûgels kin it read sels útwreidzje oant de helte fan 'e snaffel. De poaten binne oer it algemien griisswart oant folslein swart.
Juvenilen binne doffere ferzjes fan folwoeksenen. Jonge fûgels hawwe faak dofrôze of ljochtgrize poaten dy't letter donkerder wurde. De fûgel hat in soad fan 'e biskopsearrebarre (Ciconia episcopus) en se waarden earder as deselde soarte behannele. De wolhalsearrebarre hat lykwols in swart gesicht en de biskopsearrebarre hat in wyt gesicht.
Fersprieding en systematyk De wolhalsearrebarre komt foar yn tropysk Afrika. De fûgel waard earder kategorisearre as in ûndersoarte fan Ciconia episcopus, mar waard yn 2014 troch BirdLife International as in aparte soarte ûnderskieden, yn 2022 troch it ynfloedrike eBird/Clements en yn 2023 troch it International Ornithological Congress.
De wolhalsearrebarre wurdt yn of om wiete gebieten oantroffen, lykas rivieren, marren, ûnderstrûpte greiden en dobben. Yn East-Afrika komt er it meast foar by de kust, dêr't er sjoen wurde kin as er op tijflakten nei fretten siket, yn mangrovesompen en sels op koraalriffen. Yn Súdlik Afrika wurdt er ek faak sjoen yn drûgere gebieten, lykas savannes, greidlân en lânbougrûn, dêr't er faak ek by brannen te sjen is om flechtsjende proaien te fangen. Hy komt net yn bosk foar mar wurdt wol sjoen yn iepen bosken by wetter.
Hâlden en dragen It dieet bestiet út fisken, amfibyen, hagedissen en grutte ynsekten, krabben en weakdieren. Hy wurdt meastentiids allinnich sjoen, stadich rinnend. Yn West-Afrika is er tegearre sjoen yn mingde kloften mei de Abdimearrebarre.
Yn it grutste part fan Afrika briedt de wolhalsearrebarre yn 'e drûge seizoen, mar yn noardlik Sûdan yn it reinseizoen. De fûgel bout in grut nêst yn beammen fan tûken. In stúdzje yn Súd-Afrika liet sjen dat earrebarren trije jier efterinoar weromkamen nei itselde nêst. Hy leit twa oant fjouwer aaien, dy't 30-31 dagen útbret wurde. Beide âlden fiede de jongen, dy't nei 55-65 dagen útfleane.
Status en bedrigingen De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet en tocht wurdt dat de populaasje fan 'e fûgel groeit. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Earrebarre Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe