De Frieslandriegel of Assener Stellungen wie in Dútske ferdigeningsliny dy't yn 1944 boud waard tusken Swol en Delfsyl yn 'e Nederlânske provinsjes Oerisel, Drinte en Grinslân. It doel fan 'e liny wie om it weromlûkende Dútske leger tiid te jaan om har te hergroepearjen en sa de Alliearde opmars te stopjen.

De Frieslandriegel rûn fan Swol nei Meppel, dêrwei lâns it Drentsche Hoofdvaartkanaal nei Assen, doe lâns it Noard-Willemskanaal nei Grins, en úteinlik lâns it Iemskanaal nei Delfsyl. De liny ferbynt mei de nea foltôge Friesenwall, dy't bedoeld wie om út te wreidzjen oant de Deenske grins.

Skiednis De oanlis fan de Frieslandriegel waard ynspirearre troch de Alliearde ynvaazje fan Normandje yn juny 1944. Dêrtroch waard op 30 augustus 1944 besletten om de Westwall wer te iepenjen. De Westwall rûn fan 'e Switserske grins nei Kleef. Om te foarkommen dat de Alliearden dizze line gewoan links lizze soene by in opmars troch Nederlân, moast er nei it noarden útwreide wurde nei de see.

Earst waard de Iselliny, it stik fan 'e Dútske grins nei Arnhim en Swol, opnommen yn 'e Westwall. In stik fan Swol nei Delfsyl, bekend as de Frieslandriegel of Assener Stellungen, waard keazen foar de barriêre nei de see ta.

De opmars fan 'e Alliearden makke it nedich om de line fluch te foltôgjen. De line, ûntwurpen as in slingerjende tankgrêft mei twa rinfuorgen derefter en masinegewearposten dertusken, soarge foar in soad dolwurk. Organisation Todt, ferantwurdlik foar de bou, rôp ferskate manlju op om oan 'e liny te wurkjen. It ferset drong der by harren op oan om dat net te dwaan. Fanwegen de lege opkomst begûnen de Dútsers al gau mei it halden fan razzia's.

Kategory:Festingwurk yn Nederlân Kategory:Festingwurk yn de Twadde Wrâldoarloch Kategory:Bouwurk út 1944