De trijekleurnon (Lonchura malacca) is in sjongfûgel út 'e famylje prachtvinken (Estrildidae).

Ferskining thumb|left|Trijekleurnontsjes. De kop, de kiel en de búk fan it 11 oant 12 sintimeter lange fûgeltsje binne swart, it boarst en de siden wyt en fierder is it bealchje kastanjebrún. It wyfke is wat oansjen oanbelanget itselde as it mantsje. De relatyf foarse snaffel is blaugriis oant sulvergriis en de poaten ha likernôch deselde kleur.

Juvenilen binne ienfoarmich bleekbrún fan boppe mei in bêzje ûnderkant en se ha gjin swarte kop.

Fersprieding en systematyk Koartlyn is it L. malacca-soartekompleks yn trije soarten opsplitst, de trijekleurnon (Lonchura malacca), de wytkapnon (Lonchura ferruginosa) en de swartkopnon (Lonchura atricapilla). Der binne dúdlike ferskillen yn it fearrekleed en ek yn 'e markearrings op it ferwulft fan 'e krekt útkommen piken. Guon behannelje se lykwols noch as ien soarte. De trijekleurnon wurdt net ferdield yn ûndersoarten.

De trijekleurnon komt oarspronklik foar yn it súdlik part fan Yndia en op Sry Lanka. Mei't de fûgel populêr is yn 'e avikultuer, ha ûntsnapte fûgels yn dielen fan Súd-Amearika en de Kariben, op eilannen yn 'e Stille Oseaan en lokaal yn Portegal (om Lissabon hinne) ferwyldere populaasjes stifte.

It habitat fan 'e fûgels bestiet út strewellen, heech gers, rysfjilden en sompen.

Hâlden en dragen thumb|left|Grutte groep trijekleurnontsjes. Trijkleurnontsjes binne sosjale fûgeltsjes en wurde faak yn grutte groepen sjoen. Se ite sied en nôt en

Status De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt oannommen dat de fûgel in stabile populaasje hat. Dêrfandinne wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre.

Avikultuer Swartkopnontsjes komme in soad foar yn 'e avikultuer. Se binne maklik te hâlden yn in mingd en goed beplante fûgelhok. De fûgels mei graach baaie en wetter moat der altiten wêze.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Nontsje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Eksoat yn Portegal Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Porto Riko Kategory:Eksoat yn Jamaika Kategory:Eksoat yn Kuba Kategory:Eksoat yn Kolombia Kategory:Eksoat yn Fenezuëla Kategory:Eksoat yn Japan