De swartkopnon of kastanjenon (Lonchura atricapilla) is in Aziatyske fûgel yn 'e famylje prachtfinken (Estrildidae).
Ferskining thumb|left|Drinkende swartkopnon. De swartkopnon is in fûgel fan 11-12 sm lang. De folwoeksen fûgel hat in koarte bleekgriisblauwe snaffel, in swarte kop en in kastanjebrune búk. De skaaien binne ferlykber, mar jonge fûgels ha in bleekbrune boppekant, wite oant bêzje-wite ûnderkant en gjin swart op 'e kop.
Fersprieding en systematyk Koartlyn is it L. malacca-soartekompleks yn trije soarten opsplitst, de trijekleurnon (Lonchura malacca), de wytkrúnnon (Lonchura ferruginosa) en de swartkopnon (Lonchura atricapilla). Der binne dúdlike ferskillen yn it fearrekleed en ek yn 'e markearrings op it ferwulft fan 'e krekt útkommen piken. Guon behannelje se lykwols noch as ien soarte.
De swartkopnon is ferdield yn sân ûndersoarten:
L. a. rubronigra : noardlik Yndia en Nepal. L. a. atricapilla : noardeastlik Yndia, Bangladesj, Birma en súdwestlik Sina. L. a. deignani : Tailân, Yndosina. L. a. sinensis : Malakka en noardlik Sumatra. L. a. batakana : noardwestlik Sumatra. L. a. formosana : Taiwan en (mooglik) noardlik Luzon. L. a. jagori : de Filipinen (útsein noardlik Luzon) en Borneo.
L. a. jagori wurdt tsjintwurdich ek ûnderbrocht by de trijekleurnon (Lonchura malacca). De swartkopnon is yntrodusearre yn en hat wylde populaasjes fêstige yn Japan, Palau, de Hawaïaanske eilannen, Fanûatû en súdwestlik Ekwador en Jamaika en Martinyk yn it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen thumb|left|Nêst. Swartkopnontsjes binne lytse, sosjale fûgels dy't meast yt fan sied en nôt. Hy bewennet faak iepen greidlân en lânbougebieten. It nêst is in grutte koepel fan gers pleatst yn boskjes of heech gers. Dêryn leit er fjouwer oant sân wite aaien.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (LC). De fûgel komt lokaal algemien foar.
Avikultuer Swartkopnontsjes komme in soad foar yn 'e avikultuer. Se binne maklik te hâlden yn in mingd en goed beplant fûgelhok. De fûgels mei graach baaie en wetter moat der altiten wêze.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Nontsje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Eksoat yn Jamaika Kategory:Eksoat yn Martinyk Kategory:Eksoat yn Japan Kategory:Eksoat yn Palau Kategory:Eksoat yn Fanûatû Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten