De ringastrild (Stizoptera bichenovii, foarh. Poephila bichenovii en Taeniopygia bichenovii) is in fûgeltsje út 'e famylje prachtfinken (Estrildidae). It is de iennige soarte yn it skaai Stizoptera. De ringastrild is in populêre fûgel yn 'e avikultuer, dy't ek troch begjinners holden wurde kin.
Ferskining thumb|left|Ringastrilden yn Nij-Súd-Wales. De ringastrild is in lytse prachtvink fan sa'n 10 oant 11 sintimeter lang. De fûgel falt op troch syn bysûndere koptekening: it gesicht is wyt mei dêromhinne in skerpe swarte ring as wie it in lyts ûltsje. De snaffel sels is koart, stevich en hat in ljochte, blaugrize kleur. De eagen binne donkerbrún oant swart en stekke ôf tsjin it wite kopke. De krún, de nekke en de rêch ha in griisbrune kleur. De kiel en it boppeboarst binne wyt of hiel ljocht krêm en oer it boarst rint ek noch in swarte boarstbân. De búk sels hat faak in wat waarmere hast bêzje-eftige tint. De wjukken binne donkerbrún mei in soad lytse wite puntsjes. Syn sturt is hiel donkerbrún oant swart.
Tusken mantsjes en poppen binne de ferskillen hiel lyts. By mantsjes kin de boarstbân breder wêze as by wyfkes en it gesicht fan it mantsje is wat witer as by wyfkes. Ek binne de kontrasten by mantsjes wat sterker.
Fersprieding De fûgel komt yn Austraalje foar. Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
Stizoptera bichenovii bichenovii, dizze fariant libbet yn it easten fan Austraalje. It gebiet rint fan it Kaap York-skiereilân yn it noarden fan Queensland hielendal by de kust lâns nei it suden oant yn Nij-Súd-Wales en sels oant yn it súdeasten fan Fiktoaria. Stizoptera bichenovii annulosa, dizze fariant libbet yn it noarden en noardwesten fan Austraalje. It leefgebiet rint fan 'e Kimberley-regio yn West-Austraalje oant de Golf fan Carpentaria en it Top End fan it Noardlik Territoarium.
It iennige grutte ferskil yn it uterlik sit him op 'e stút: by de T. b. bichenovii is dy stút sniewyt, by de T. b. annulosa is dy stút djip swart.
De fûgeltsjes komme foar op gerslân en savannes en se hâlde fan iepen, drûge gebieten mei genôch gerssied mei altiten wetter yn 'e buert. Se wurde ek sjoen op boerehiemen, yn parken en yn tunen.
Sang Allinnich it mantsje sjongt. Hy makket in sêft, ritseljend lûd dat in bytsje tinken docht oan in oerwurkje dat opwûn wurdt. It wyfke makket wol lûd (pypkes), mar se sjongt gjin folslein ferske.
Briedgedrach thumb|left|Drinkende fûgels. In mantsje dat yndruk meitsje wol op in wyfke, sil sjongend hinne en wer op de stok hippe, faak mei in stikje gers yn 'e snaffel. Se bouwe it nêst leafst 1 oant 2 meter boppe de grûn yn tichte strûken, stikelstrûken of tusken heech gers. It nêst is in rûn, koepelfoarmige struktuer fan gers en lytse tûkjes mei in yngong oan 'e sydkant en binnen beklaaid mei fearkes of plúskes. Der wurde 4 oant 6 wite aaikes lein dy't troch beide âlden yn 12 oant 14 dagen útbret wurde. Bysûnder is dat se nachts mei syn beiden op it nêst sitte om 'e aaien en inoar waarm te hâlden.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de soarte as net bedrige (LC) op 'e Reade List. In rûzing fan it oantal fûgels ûntbrekt, mar de ringastrild soe algemien foarkomme.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ringastrild Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje