Burlage (Sealterfrysk: Burloage, Eastfrysk Plat: BurlóóeğOostfräisk Woordenbauk is in doarp (Ortsteil) yn 'e gemeente Rhauderfehn yn de lânkring Lier yn East-Fryslân, likernôch 17 km súdeastlik fan Lier. It streekdoarp bestiet út twa buorrens: Alt Burlage en Neu Burlage en leit súdlik fan Langholt en eastlik fan Klostermoor. It doarp leit op in geastrêch op 2 meter boppe seenivo.
Skiednis It doarp waard foar it earst neamd yn 1319 as in ûnôfhinklike kommanderije fan Johanniteroarder, mei de namme Buyrle. Burlage en Langholt waarden mooglik stifte troch de Timpeliers. Fromme Friezen, dy't ek oan 'e Krústochten meidiene, skonken harren lân oan 'e Oarder, dy't letter oernommen waard troch de Hospitaalridders. De namme Burlage ferskynt yn 1645, en de hjoeddeistige stavering is sûnt 1719 yn gebrûk. De namme is ôflaat fan it wurd "*būr-lâ", dat boerebosk betsjut. Nei it ûntboskjen fan it bosk waard "-Lage" tafoege, itjinge in iepen gebiet oantsjut. Nei de Reformaasje joegen de Hospitaalridders harren eigendom yn Burlage as erfpacht. Yn 'e earste helte fan 'e 17e iuw wurdt Renneke/Reinecke von Trier neamd as pachter. Dy man, dy't ek neamd wurdt as de pachter fan 'e Johanniter Kommanderije Hasselt, gie letter fallyt en ferliet East-Fryslân en ferfear nei Aldenburch.
Foar de Tritichjierrige Kriich pachte Hermannus Meyer, boargemaster fan Emden, it lângoed. Hy wie in fertrouweling en eardere sekretaris fan greve Edzard II fan Eastfryslân, as tsjinspiler fan greve Jehan I.
Nei de Tritichjierrige Kriich waarden syn pakesizzer en oerpakesizzer, Harm Reinders, en dy syn soan, Reinder Harms, neamd as pachters. De famylje buorke it lângoed seis generaasjes lang oant der in skeel ûntstie nei't de Oarder katolike kolonisten út 'e omkriten fan Hümmling wei, yn in heidegebiet, dat hjoed-de-dei Jammertal hjit, fêstigje te litten. Om't de neikommelingen fan Harm Reinders harsels as erflike pachters fan hiel Burlage beskôgen, wiene se it dêr net mei iens. De haadpleats, mei syn stins, greiden en fjilden, soarge foar in goed ynkommen foar de famylje. It suksesfolle behear fan Burlage wie lykwols ôfhinklik fan grutte keppels skiep, dêr't it woast lân nedich foar wie. Dat late ta rjochtsprosedueres yn ferskate rjochtbanken. Twa rjochtbanken sprieken yn it foardiel fan 'e famylje Meyer út. Yn it tredde gefal, waard troch it "Heechgerjochtshôf" yn Berlyn op 31 oktober 1776 it beslút nommen yn it foardiel fan 'e Johanniteroarder. De famylje Meyer - se hiene ûnderwilens dy famyljenamme fannijs oannommen - moast Burlage ferlitte, en de stikken lân fan 'e waarden ferdield ûnder de kolonisten fan Burlage, dêr't leden fan 'e âlde pachtersfamylje Reinders/Meyer by útsletten waarden.
Yn 1649 bestie allinnich de âlde haadpleats, it foarwurk fan 'e Johanniteroarder, mei syn stins. It folkstellingsregister fan 1719 neamde fjouwer famyljes yn Burlage.
Yn 1776 wie Burlage útwoeksen ta sân pleatsen, allegearre eigendom fan it neiteam fan Hermannus Meyer. De haadpleats hie genôch kultivearre lân om fjouwer hynders en 20 kij te ûnderhâlden. De nije delsettings beaen mar in skriel ynkommen. De Johanniteroarder feilde de pacht fan Burlage, dêr't de grutte fan 'e pleatsen troch lytser makke waard om effisjintere lânbewurking mooglik te meitsjen. Dat late ta fierdere ûnderferdieling fan Burlage en de delsetting fan katolike kolonisten út 'e omkriten fan Hümmling. In pear jier letter wiene der al 29 pleatsen/wenten yn Burlage.
Op 1 jannewaris 1973 waard Burlage opnommen yn 'e nije gemeente Rhauderfehn.
Feanliken Op 27 febrewaris 1939 groef turfstekker Heinrich Breer de bonken op fan it feanlyk fan in bern út 'e Esterweger Dose, in jonge fan likernôch 14 jier âld dy't dêr tusken 1046 en 1164 ferstoar, yn 'e feanterij fan it Feangoed Seedelsbierich by Burlage. Hy is ek wo bekend as de Jonge fan Burlage.
De turfhûn fan Burlage waard yn maaie 1953 troch turfstekker Hermann Albers opgroeven yn it swarte fean, goed 60 oant 80 sm ûnder it oerflak.
It besjen wurdich De mûne fan Burlage, in achtkante boppekruier fan 1824, dy't oant 1978 yn bedriuw wie. De wjukken binne oanwêzich, dochs it mûnemeganisme is fuorthelle. Yn 'e mûne is hjoed-de-dei in museum foar de pleastlike skiednis. Yn Burlage is de Befis Natoertún, in edukative en demonstraasjetún, beheard troch NABU Emsland Nord e. V., is neamd nei de pleatslike dichter Bernhard Ficken út Burlage, ek wol bekend as Befi. De wichtichste fokus fan 'e tún is de beskerming en befoardering fan biodiversiteit. It mulpunt is in 10.000 kante meter grutte fruchtbeamhôf mei âlde, standertgrutte fruitbeamfarianten. It feangea Esterweger Dose leit foar in part yn 'e himrik fan Burlage.
Galery
Keppelings om utens Hiemside fan de gemeente Rhauderfehn Beskriuwing fan Burlage yn 'e doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft
Kategory:Rhauderfehn Kategory:Plak yn Lier (distrikt)