De readwangblaufink (Uraeginthus bengalus) is in fûgeltsje yn it skaai blaufinkjes (Uraeginthus) út 'e famylje prachtfinken (Estrildidae). De fûgel komt foar yn Afrika besuden de Sahara.

Ferskining thumb|left|Pearke. Readwangblaufinkjes wurde 12 oant 13 sintimeter lang en weagje 9 oant 11 gram. De krún, nekke, boppekant en wjukken binne brún. De wangen, it kin en it boarst, de siden, it efterste part fan 'e romp en de sturt binne blau. De bûtenste fearren fan 'e smelle sturt kinne ek brún wêze. It mantsje hat in read plak op 'e wang. De poaten binne fleiskleurich, de snaffel is wynread mei in pearse punt en de eagen binne brún.

It wyfke mist de reade wangen fan it mantsje en is dêr blau. De blauwe kleur is boppedat ljochter en rint op it boarst en de side net sa fier troch as by it mantsje.

Fersprieding It is in stânfûgel dy't fûn wurdt yn 'e drûgere dielen fan tropysk sub-Saharaansk Afrika, dêr't er foarkomt op leechlân oant hichten fan 2.500 meter. De fûgel mei ek graach op kultuerlân wêze en wurdt faak by doarpen oantroffen.

De readwangblaufink wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Uraeginthus bengalus bengalus – Senegal súdlik oant Guinee en eastlik oant Eritreä, Etioopje, noardeastlike Demokratyske Republyk Kongo, Oeganda en Kenia westlik fan 'e Riftdelling. Uraeginthus bengalus brunneigularis – súdlik Somaalje en Kenia oant Tanzania. Uraeginthus bengalus ugogensis – súdlik Kenia en Tanzania. Uraeginthus bengalus katangae – noardeastlikste Angoala oant súdlik Demokratyske Republyk Kongo en noardlik Sambia.

De soarte is yntrodusearre op eilannen yn 'e Stille Oseaan (Oahu en Hawaï).

Hâlden en dragen De soarte libbet yn pearkes. It nêst wurd tyn strûken of beammen boud fan gers. De 4 oant 5 wite aaien wurde yn 12 dagen útbret. De pykjes wurde fuorre mei ynsekten. Nei 21 dagen ferlitte de jongen it nêst.

Yn it wyld yt er benammen nôt en sied, mar ek ynsekten .

Status De soarte is algemien, hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (LC).

Avikultuer Readwangblaufinkjes komme ek yn 'e avikultuer foar. De fûgel moat fuorre wurde mei sied en drûge ynsekten mei wat fruit. It binne frij delikate fûgels om te hâlden en se hawwe hege easken wat de temperatuer en fochtigens oanbelanget.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blaufinkje Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Eksoat yn Hawaï Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia