De kommanderije Burlage wie in Eastfryske kommanderije fan de Johanniteroarder yn Burlage. Oer syn skiednis is net folle bekend. It argyf en de biblioteek rekken nei de Reformaasje ferlern. It plak dêr't de kommanderije stien hat is oant no ta noch net argeologysk ûndersocht. De kommanderije lei likernôch 17 km súdeastlik fan de stêd Lier op in geastrêch fan twa meter boppe seenivo.Doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft: Burlage, Gemeinde Rhauderfehn, Landkreis Leer (; 722 kB), oproppen op 22 novimber 2012
Mei de oare kommanderijen yn Eastfryslân waard Burlage foar it earst neamd yn 1319 as Buyrle. Fierder bewiis foar selsstannigen ûntbrekke lykwols. Letter waard Burlage in foarwurk fan de kommanderije Langholt. Nei de Reformaasje wiene der skelen tusken de Eastfryske greven en de Johhinniteroarder oer de rjochtmjittige eigendom fan de kommanderije. By it Ferdrach fan Lier yn 1574 waard besletten dat de eardere Johanniter kommanderijen Langholt (mei Burlage) en Hasselt yn eigendm fan de Johanniteroarder bliuwe soene en de takomstige pachters protestanten wêze moasten. De Johanniteroarder, fertsjintwurdige troch de kommandeur yn Burgsteinfurt, joech it foarwurk mei de âlde stins yn erfpacht. Yn 1807 waard it guod of hjitten fan Loadewyk Napoleon, kening fan it keninkryk Hollân dêr't East-Fryslân doe by hearde, ûnteigene en waarden steatsdomein.
Literatuer Marc Sgonina: Burlage. Yn: Josef Dolle unter Mitarbeit von Dennis Knochenhauer (Hrsg.): Niedersächsisches Klosterbuch. Verzeichnis der Klöster, Stifte, Kommenden und Beginenhäuser in Niedersachsen und Bremen von den Anfängen bis 1810. Diel 2, Bielefeld 2012, ISBN 3-89534-957-7 Enno Schöningh: Der Johanniterorden in Ostfriesland, Bd. LIV in der Reihe Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands (útjûn troch it Ostfriesische Landschaft yn gearwurking mei it Nedersaksysk steatsargyf yn Auwerk), Auwerk 1973. Franz Körholz (Hrsg.): Die Urbare der Abtei Werden an der Ruhr, Bonn 1950.
Kategory:Rhauderfehn Kategory:Kleaster yn East-Fryslân Kategory:Earder bouwurk yn East-Fryslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 13e iuw Kategory:Organisaasje opheft yn 1562 Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Oarder fan Sint-Jan