260px|thumb|Komboerd Langholt Langholt (Sealterfrysk: Loangholt) is in Eastfrysk doarp (Ortschaft) yn de gemeenten Rhauderfehn en Ostrhauderfehn yn 'e lânkring Lier, dielsteat Nedersaksen.
Geografy Langholt leit op in smelle geastrêch tusken de feangebieten fan Westrhauderfehn en Ostrhauderfehn. Súdlik leit it doarp Burlage. De Burlage-Langholter Tief rint troch it doarp hinne. By Langholt leit it natoergebiet Landschaftsschutzgebiet Langholter Meer.
Skiednis Langholt waard yn 1319 foar it earst neamd as Langeholt en sûnt 1495 komt de hjoeddeistige namme foar. It bestjut "lang grut wâld". De skiednis fan Langholt is nau ferbûn oan de Johanniteroarder, dy't in kommanderije op it Westfean stifte hiene, om it fean dêre oan te meitsjen. De kleastertsjerke stie dêr oant 1690 doe't er ôfbaarnd wie.
Langholt wie oant 1973 in selsstannige gemeente, doe't er opheft waard en ferdield waard oer de gemeenten Rhauderfehn en Ostrhauderfehn. De Burlage-Langholter Tief waard de grins tusken de twa gemeenten.
Kommanderije Langholt
De Johanniter kommanderije Langholt waard yn 'e 13e iuw stifte as dûbelkleaster fan de Johanniter kommanderije yn Burgsteinfurt yn Westfalen. Op 8 septimber 1319 waard dat yn in oarkonde foar de earste kear neamd. Nei de Reformaasje waard it kleaster, lykas alle oaren yn East-Fryslân, troch de Eastfryske greven sletten.
Safierhinne bekend bestie it kleaster út twa gâns lange pleatsen. Ien dêrfan moat dêr om 1720 hinne noch stien hawwe. Ta it kleaster hearde ek in houten tsjerke, dy't yn 1690 ôfbaarnd is. De lêste oerbliuwsels fan it kleaster waarden yn it begjin fan 'e 20e iuw ôfbrutsen.
Bouwurken Yn Langholt stiene eartiids in stienbakkerij en in molkfabryk.
Tsjerken Yn Langholt steane in roomsk-katolike en in evangelysk-lutherske tsjerke Roomsk-katolike Bonifasiustsjerke De evangelysk-lutherske Trinitatistsjerke, dy't 2 juny 1901 ynwijd waard. De toer waard yn 1932 boud.
Keppelings om utens Beskriuwing fan Langholt yn 'e doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft Ynformaasje oer Langholt op 'e side fan Rhaude
Kategory:Rhauderfehn Kategory:Plak yn Lier (distrikt)