De wytrêchnachtreager (Calherodius leuconotus, synonym: Gorsachius leuconotus) is in fûgelsoarte út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae) en komt foar yn Afrika besuden de Sahara.
Ferskining thumb|left|De fûgel yn Gambia. De wytrêchnachtreager is in middelgrutte reager fan likernôch 55 sm lang mei in tige grut each en in wyt plak om it each hinne. De boppekant is brúnswart mei wite, plûmeftige skouderfearren dy't in trijehoeke op 'e rêch foarmje. De kiel is wyt, it boarst en de nekke binne rustbrún en de búk is wyt mei swarte streken. Yn 'e flecht is in wyt plak op 'e rêch te sjen en de poaten stekke dan wat efter de sturt út. De poaten binne meast gielgrien oant dof grienich en de snaffel is donker hoarnkleurich oant swartbrún en faak wat bleker oan 'e basis.
Fersprieding en systematyk De wytrêchnachtreager komt lokaal foar yn subsaharaansk Afrika en wurdt as monotypysk behannele of ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Calherodius leuconotus leuconotus – fersprieding fan Senegal nei it easten ta oant súdwestlik Nigearia. Calherodius leuconotus natalensis – fersprate populaasjes fan Kameroen oant eastlik Sûdan, westlik Etioopje en noardlik Angoala oer de Demokratyske Republyk Kongo nei it easten ta oant Tanzania en nei it suden ta oant Botswana en eastlik Súd-Afrika.
De soarte waard tradisjoneel yn Gorsachius set, mar DNA-ûndersyk wiisde út dat de soarte lykas de besibbe wyteachnachtreager, nauwer besibbe is oan 'e reagers yn Egretta as oare soarten yn it skaai. Om't se relatyf âlde evolúsjonêre linen fertsjintwurdigje wurde se jimmeroan faker yn aparte skaaien ûnderbrocht, respektivelik yn Calherodius en Oroanassa.
Hâlden en dragen De fûgel libbet yn wetterrike gebieten fan bosken en beboske savannes en is fral nachts aktyf. Oerdeis bliuwt er yn tichte begroeiïng en wurdt er komselden waarnommen, útsein as er skrikt.
It dieet is net goed bekend, mar oannommen wurdt dat er lytse fiskjes, amfibyen, weakdieren, skaaldieren, fleanende miggen en oare ynsekten yt.
Wytrêchnachtreagers bouwe in nêst fan tûkjes, in platfoarm dat net heech, mar goed ferside yn beammen of strûken boppe wetter sit, somtiden lykwols ek yn beammen yn sompen, reidfjilden of op rotsen. In lechsel bestiet út twa oant trije, somtiden fjouwer aaien.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar oannommen wurdt dat de oantallen troch habitatferlies (it ûntboskjen en it ferdwinen fan galerijbosken) ôfnimme, mar net sa slim dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (LC) op 'e Reade List.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytrêchnachtreager Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe