Henry Ogg Forbes, (Drumblade, Skotlân, 30 jannewaris 1851 – Liverpool, 27 oktober 1932) wie in Britske ûntdekkingsreizger, ornitolooch, plantkundige en antropolooch. Syn offisjele ôfkoarting as skriuwer fan botanysk wurk is "H.O.Forbes".

Libben en wurk Forbes studearre genêskunde oan de Universiteit fan Aberdeen en Universiteit fan Edinburgh. Troch in eachkwaal hold er op mei syn stúdzje en helle dêrtroch gjin akademyske graad.

Tusken 1875 en 1877 wied er yn Portugal dêr't er ûnder oare orchideeën bestudearre. Forbes reizge tusken 1878 en 1883 nei East-Yndië, benammen Java, Sumatra en Timor, benammen om botanysk ûndersyk te dwaan. Ut Timor wei, waans Portegeeske eastlike diel er fan ein 1882 oant 1883 besocht, makke er in detaillearre ferslach fan it bergige ynterieur fan it eilân. Hy hie syn frou Annabel (Keith) ûnderbrocht yn in hûs boppe de koloniale haadstêd Dili, wylst er sels yn it reinseizoen mei in grutte entoeraazje op ekspedysje de heuvels yn gie. .Anna skreau ek oer dy reis en har iensumens by Dili: , 1887.Insulinde; experiences of a naturalist's wife in the Eastern Archipelago BHL Syn passy foar it sammeljen waard hieltyd wer beheind troch it feit dat him ferbean waard om plakken te betreden dy't as hillich (lulik) beskôge waarden. By syn ekspedysje nei it keninkryk Samoro krige Forbes it nijs dat syn frou slim siik fan malaria wurden wie. Hy gie gau werom nei Dili. Syn frou wie wer better doe't er dêr oankaam, mar yn juny 1883 besleat Forbes om oer Ambon hastich nei Batavia te reizgjen. In moanne letter wied it pear wer yn syn bertelân Skotlân. A. McWilliam, L. Palmer und C. Shepherd: Lulik encounters and cultural frictions in East Timor: Past and present, 2014, Aust J Anthropol, 25: s. 304–320. doi:10.1111/taja.12101.

Yn april 1885 ferliet er Londen wer om Nij-Guinea te ferkennen. Hy lâne op 31 augustus yn Port Moresby en sette op 25 septimber ôf nei de Owen Stanley Mountains, mar helle mar 105 kilometer. In twadde besykjen yn maaie 1886 mislearre ek. Oan 'e ein fan 1898 gie er mei William Robert Ogilvie-Grant, út namme fan it Britsk Museum, op in ekspedysje nei Sokotra en it buoreilân Abd el-Kuri om bisten te bestudearjen. Tegearre beskreaunen sy sa'n njoggen nije fûgelsooarten. (Eds). 2023. IOC World Bird List (v13.2)

Tusken 1890 en 1893 wie Forbes direkteur fan it Canterbury Museum yn Christchurch, Nij-Seelân. Yn dy tiid late er yn 1892 in ekspedysje nei de Chathma-eilannen eastlik fan Nij-Seelân. Dêr ûntduts er twa nije endemyske soarten: Onslows ielgoes (Leucocarbo onslowi) en de subfossilen fan Hawkins' ral (Diaphorapteryx hawkinsi). Fan 1911 oant 1932 wie er advisearjend direkteur fan it museum yn Liverpool.

Natuerbeskerming Forbes en syn frou hearden by de natuerbeskermers fan de earste oere. Yn Nederlânsk-Ynje konstatearre Forbes al hoe't op Sumatra net oantast reinwâld yn'e brân stutsen waard om lânbougrûn te krijen. Hy seach hoe't hûnderttûzenen fûgels ôfmakke en ferhannele waarden, allinnich om te foldwaan oan moadekluchten yn dy tiid. Dy lilkens late ta oprjochting fan nasjonale en ynternasjonale natuerbeskermingsorganisaasjes.

Henry Ogg Forbes ferstoar yn oktober 1932 yn Liverpool; hy waard 81 jier. Tsien jier earder ferstoar syn frou Annabelle.

Wurken A naturalist's wanderings in the Eastern Archipelago. – London: Sampson, Low, Marston, Searle & Rivington, 1885. Three months' exploration in the Tenimber Islands or Timor Laut. – London: Royal Geographical Society, 1884. Progress of an expedition to New Guinea. 1886.

Kategory:Skotsk ûntdekkingsreizger Kategory:Skotsk ornitolooch Kategory:Skotsk antropolooch Kategory:Skotsk botanikus Kategory:Skotsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1851 Kategory:Persoan stoarn yn 1932