Reiddompen (Botaurus) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). De measte soarten yn it skaai binne skruten en wurde faker heard as sjoen. De rop fan 'e fûgel is in djip "hûmp'-lûd dat tige fier draacht en meastentiid yn 'e maitiid yn 'e moarntiid of by it skimerjen te hearren is.

De measte gruttere soarten ha gielbrune kamûflaazjekleuren, mar guon soarten yn bygelyks tropyske gebieten binne donkerder. Se libje in soad yn it reid en by fersteuring kinne se har hast ûnsichtber meitsje troch mei de snaffel rjocht omheech te stean en bytiden weaget de fûgel sels mei it reid mei, sadat se net opmurken wurde.

De soarten komme yn 'e regel yn wiete gebieten foar. Dat kinne sompen wêze en yn 'e tropen ek mangroves, ûnderstrûpt lân of rysfjilden, mar altiten mei in soad begroeiïng. De fûgel jaget op fisk, kikkerts, wringeleazen, wetterynsekten, lytse sûchdieren of jonge fûgels.

Oarspronklik hearden allinne de grutte reiddompen by Botaurus. Sûnt de lêste taksonomyske feroaring binne de lytse woffers (earst Ixobrychus) no opnommen yn it skaai Botaurus. Dy feroaring is basearre op genetyske stúdzjes, dy't útwize dat de lytse woffers net monofilitysk binne sûnder yn Botaurus opnommen te wurden.

De tradisjoneel grutte reiddompen binne:

Botaurus stellaris – Europeeske reiddomp Botaurus poiciloptilus – Australyske reiddomp Botaurus lentiginosus – Noardamerikaanske reiddomp Botaurus pinnatus – Súdamerikaanske reiddomp

De yn 2024 nei it skaai ferhûze Ixobrychus-soarten binne:

Botaurus involucris – Streke woffer Botaurus exilis – Amerikaanske woffer (Least Bittern) Botaurus minutus – Lytse reiddomp / woffer Botaurus flavicollis – Swarte-/black bittern Botaurus sinensis – Sineeske woffer Botaurus eurhythmus – Mantsjoerryske woffer Botaurus cinnamomeus – Kanielwoffer Botaurus sturmii – Afrikaanske woffer Botaurus novaezelandiae– Nijseelânske woffer / útstoarn

Soarten Der binne noch 13 besteande soarten yn it skaai. Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px reiddomp Botaurus stellaris Europa, dielen fan Afrika, Aazje net bedrige/stabyl Botaurus stellaris op BirdLife 120px Australyske reiddomp Botaurus poiciloptilus Austraalje, Nij-Seelân kwetsber/ôfnimmend Botaurus poiciloptilus op BirdLife 120px Noardamerikaanske reiddomp Botaurus lentiginosus Noard-Amearika, Midden-Amearika net bedrige/ôfnimmend Botaurus lentiginosus op BirdLife 120px Súdamerikaanske reiddomp Botaurus pinnatus Midden-Amearika, Súd-Amearika net bedrige/stabyl Botaurus pinnatus op BirdLife 120px Streke woffer Botaurus involucris Súd-Amearika net bedrige/stabyl Botaurus involucris op BirdLife 120px Amerikaanske woffer Botaurus exilis Noard-Amearika, Midden-Amearika, Kariben, Súd-Amearika net bedrige/tanimmend Botaurus exilis op BirdLife 120px lytse reiddomp (ek: woffer) Botaurus minutus Europa, Subsaharaansk Afrika, Aazje net bedrige/ôfnimmend Botaurus minutus op BirdLife 120px swartrêchwoffer Botaurus dubius Austraalje, Nij-Guineä, Yndoneezje net bedrige/tanimmend Botaurus dubius op BirdLife 120px Sineeske woffer Botaurus sinensis Eastlik Aazje, Súdeast-Aazje net bedrige/ûnbekend Botaurus sinensis op BirdLife 120px Mantsjoerijske woffer Botaurus eurhythmus Eastlik Aazje hast bedrige/ôfnimmend Botaurus eurhythmus op BirdLife 120px kanielwoffer Botaurus cinnamomeus Súd-Aazje, Súdeast-Aazje net bedrige/ûnbekend Botaurus cinnamomeus op BirdLife 120px Afrikaanske woffer (ek: dwerchreager) Botaurus sturmii Subsaharaansk Afrika net bedrige/ûnbekend Botaurus sturmii op BirdLife 120px swarte reiddomp Botaurus flavicollis (ek: Dupetor flavicollis) Súd-Aazje, Súdeast-Aazje net bedrige/ûnbekend Botaurus flavicollis op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:Reagerfûgel