De Noardamerikaanske reiddomp (Botaurus lentiginosus) is in Noardamerikaanske fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.

Ferskining De Noardamerikaanske reiddomp is in grutte, krêftige brúnkleurige fûgel dy't in soad liket op 'e Europeeske reiddomp (Botaurus stellaris). De fûgel mjit 59 oant 70 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 95–115 sintimeter.

De fûgel ûnderskiedt him fan 'e Europeeske reiddomp mei't er wat lytser is mei in langere snaffel, wêrfan de snaffelrêch meastentiids donkerder is. De foarholle en de krún binne brún ynstee fan swartich en hy hat in dúdliker donkere team. De slachpinnen en de hândekfearren binne effen. Wylst de Europeeske reiddomp lykmatich ferdielde dwersbannen op 'e slachpinnen en dekfearren hat, hat de Noardamerikaanske reiddomp dêr donkerbrune fearren mei readbrune einen oan 'e binnenste slachpinnen en oan 'e gruttere haadslachpinnen.

It jong is lyk oan 'e folwoeksen fûgel, mar mist de swarte streek oan 'e side fan 'e hals.

+ Ferskil Noardamerikaanske en Europeeske reiddomp 250x250px 250x250px Noardamerikaanske reiddomp Europeeske reiddomp

Fersprieding De Amerikaanske reiddomp briedt yn grutte dielen fan 'e Feriene Steaten en noardlik oant Sintraal-Kanada. It grutste part fan 'e populaasje migrearret op lange einen en oerwinteret yn it suden fan 'e Feriene Steaten en yn Sintraal-Amearika. De súdlikste briedfûgels binne stânfûgels.

De maitiidstrek fynt benammen yn febrewaris–maart plak, mar guon fan 'e noardlikst briedende fûgels berikke harren briedgebieten earst yn maaie. De hjersttrek fynt fan septimber oant novimber plak.

Ekology De Noardamerikaanske reiddomp briedt lykas de Europeeske reiddomp yn sompen en reidfjilden. Oars as de Europeeske reiddomp komt er lykwols yn mear iepen biotopen foar, lykas wiete greiden, drûge of sompige greidlannen en sels yn wat drûger gerslân.

Hy hat in dúdlike foarkar foar gebieten mei hege fegetaasje dêr't er him goed yn ferskûlje kin, mar hy is minder strang bûn oan 'e tichte reidseames as de Europeeske soarte. Dat makket dat er yn Noard-Amearika ek faak sjoen wurdt yn in agrarysk lânskip mei sleatten en feanige stikken lân.

De soarte is yn syn biotoop faak tige goed kamûflearre en hy libbet meastentiids allinnich. As er gefaar fernimt befriest er: hy bliuwt hielendal stil stean mei de snaffel rjocht omheech. Troch dy hâlding en syn streke fearrepatroan falt er hast net mear tusken it reid op. thumb|left|Noardamerikaanske reiddomp. De soarte is fral nachts aktyf en wurdt faker heard as sjoen. Syn djippe rop draacht fier oer it lân en is benammen by skimer en lemieren te hearren. Oerdeis hâldt er him meastentiids stil.

De Noardamerikaanske reiddomp briedt op ôfsidige en rêstige plakken. It wyfke bout in platte nêstkonstruksje fan reid en oar plantemateriaal, meast leech boppe it wetter of yn tichte fegetaasje. It mantsje hâldt tafersjoch op it territoarium en ferdigenet dat tsjin oare mantsjes.

Der wurde yn 'e regel fjouwer oant fiif aaien lein. It wyfke briedt de aaien yn sa'n 28–29 dagen út. Nei likernôch seis oant sân wiken ferlitte de jongen it nêst. Lykas by in soad reiddompen kinne de jongen by gefaar al betiid út it nêst klimme en har tusken it reid skûl hâlde .

De reiddomp foarazjearret lykas oare soarten fan 'e famylje yn sompen en ûndjippe poelen op lytse fisken, kikkerts en oare amfibyen, wetterynsekten, kreeft-eftigen en soms ek lytse reptilen lykas hagedissen. Faak stiet de fûgel stil te wachtsjen as der in proai yn it berik komt en slacht dan mei in rappe úthaal ta.

Status thumb|left|Fleanende Noardamerikaanske reiddomp. De Noardamerikaanske reiddomp is algemien yn grutte dielen fan syn ferspriedingsgebiet. Yn oantallen nimt er troch habitatferlies ôf, fral yn 'e súdlike dielen fan it gebiet. Tusken 1966 en 1993 naam de hiele populaasje mei 38,9% ôf. Yn guon Amerikaanske steaten, lykas Illinois, Indiana en Ohio, wurdt de soarte as bedrige beskôge.

De fûgel wurdt ûnder de Amerikaanske wet Migratory Bird Treaty Act of 1918 beskerme en de IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade List (LC).

Namme De wittenskiplike namme Botaurus lentiginosus ferwiist nei it Latyn. Botaurus is Latyn foar reiddomp en giet werom op Plinius de Alde, dy't it lûd fan 'e Europeeske reiddomp ferlike mei it âljen fan in bolle. It Latynske boo betsjut skreauwe of âlje en taurus betsjut bolle.

Lentiginosus is Latyn foar skeinspruterich of bûnt en is ôflaat fan lentigo, dat pigmintplak betsjut. Dat ferwiist nei it bûnte fearrekleed fan 'e fûgel.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen