De kanielwoffer (Botaurus cinnamomeus, synonym: Ixobrychus cinnamomeus) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e reagerfûgels.
Skaaimerken thumb|left|Kanielwoffer yn 'e flecht. De kanielwoffer is in lytse reiddomp mei in lingte fan likernôch 38 sintimeter, ferlykber yn formaat mei syn nauwe sibben de Sineeske woffer en de brune woffer. It mantsje hat in frij effen kanielbrún fearrekleed en yn 'e flecht binne de wjukken ek kanielbrún, oars as de swarte wjukfearren fan 'e oare twa soarten.
De ferskillen tusken it mantsje en it wyfke binne net grut. It wyfke is ornaris bruner fan kleur en hat mear streken en plakken yn it fearrekleed, benammen op it boarst en op 'e ûnderkant. Jonge fûgels lykje yn harren tekening mear op it wyfke.
Fersprieding De kanielwoffer komt foar yn súdlik en súd-eastlik Aazje, fan Yndia en Sry Lanka oer Yndoneezje oant yn Sina. Yn syn tropyske ferspriedingsgebiet is it in stânfûgel. De populaasjes yn noardlik Sina binne trekfûgels. Syn foarkarsbiotoop bestiet út wiete gebieten dy't mei ticht reid begroeid binne.
Hâlden en dragen thumb|left|Juvenyl. It iten fan 'e kanielwoffer bestiet út lytse fiskjes, kikkerts, weakdieren en ynsekten. De fûgel is meast by it skimerjen aktyf en briedt yn lytse groepen. It nêst bestiet út twigen en gers en wurdt yn tichte reidfjilden of yn strûken of beammen boud. It leit op 'e grûn of oant 1 meter dêrboppe. Der wurde trije oant fiif aaien útbret.
Status De fûgel wurdt bedrige troch ferlies oan wiete gebieten mei tichte reidseames yn syn ferspriedingsgebiet troch bygelyks wetterbehear, it drûchlizzen fan sompen, stedsútwreidingen of wetterbehear. Fierder fersteure minsklike aktiviteiten de fûgel yn syn habitat. Dêrfoaroer hat de fûgel in ferspriedingsgebiet en alhoewol't de trend net bekend is, klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (LC) op 'e Reade List.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam