De Amerikaanske woffer (Botaurus exilis) is in Amearikaanske fûgel yn it skaai reiddompen (Botaurus) út 'e famylje fan 'e reagerfûgels.
Ferskining De Amerikaanske woffer is ien fan 'e lytste reagers yn 'e wrâld, mar in bytsje grutter as de Afrikaanske woffer (Botaurus sturmii) en de swartrêch woffer (Botaurus dubius). thumb|left|Mantsje yn'e briedtiid. De fûgel mjit 28 oant 36 sintimeter yn lingte en hat in spanwiidte fan 41 oant 46 sintimeter. De measte Amerikaanske woffers weagje mar tusken de 73 en 95 gram, wat de soarte ta de op ien nei lichtste fan alle reagerfûgels makket.
De ûnderkant en de kiel fan 'e fûgel binne wyt mei ljochtbrune lingtestreken. It gesicht en de siden fan 'e hals binne ljochtbrún en de eagen binne giel, krekt as ek de snaffel. It folwoeksen mantsje is glânzgjend grienswart op 'e rêch en de krún, wylst it wyfke op dy lichemsdielen glânzjend brún is. Yn 'e flecht binne ljochtbrune plakken op 'e wjukken te sjen. Hy lit ier yn 'e moarn en by it skimerjen syn lûd hearre.
Fersprieding De Amerikaanske woffer komt foar yn Noard-Amearika, súdlik troch Sintraal-Amearika en de Westyndyske eilannen oant noardlik Súd-Amearika.
Undersoarten De soarte wurdt yndield yn seis ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Botaurus exilis exilis – komt foar fan súdlik Kanada oant Sintraal-Amearika en de Westyndyske eilannen Botaurus exilis pullus – komt foar yn noardwestlik Meksiko Botaurus exilis erythromelas – komt foar fan eastlik Panama oant de Guyanaregio, súdeastlik Brazylje en Paraguay Botaurus exilis bogotensis – komt foar yn sintraal Kolombia (nimt ôf troch ferneatiging fan leefgebiet) Botaurus exilis limoncochae – komt foar yn eastlik Ekwador; waarnimmingen út Loreto yn noardeastlik Perû wurde ta dizze ûndersoarte rekkene Botaurus exilis peruvianus – komt foar yn it westlik part fan sintraal Perû
Taksonomy Earder waard de soarte tegearre mei oare woffersoarten yn it skaai Ixobrychus set. Sûnt 2024 wurdt dat skaai lykwols nei genetyske stúdzjes by de gruttere reiddompen yn it skaai Botaurus ûnderbrocht. Al yn 1987 liet Sheldon yn in stúdzje sjen dat de Amerikaanske woffer nauwer besibbe is oan 'e Noardamerikaanske reiddomp as oan 'e twa oare Ixobrychus-soarten (rodzige woffer en lytse reiddomp).
Hruska et al. (2023) befêstiget mei de oant no ta meast wiidweidige genetyske stúdzje oer reagers it susterskip tusken de Amerikaanske woffer en de Botaurus-reiddompen. Ek docht bliken dat de ek Amerikaanske streke woffer (Botaurus involucris) nauwer by dy groep stiet as by de oare woffers. De Amerikaanske woffer en ek de streke woffer soene dêrom yn in eigen skaai set wurde kinne of oars nei Botaurus ferhûze wurde moatte. Mei't de Amerikaanske woffer sa'n soad liket op 'e typesoarte fan Ixobrychus, de woffer — sa bot dat se earder as ien en 'e selde soarte beskôge waarden — wurdt it as bettere oplossing sjoen om alle woffers yn Botaurus ûnder te bringen. Dat sokke, yn grutte ferskillende soarten, yn ien en itselde skaai falle, kin ferklearre wurde mei dat de evolúsje yn 'e groep relatyf rap gie, wêrby't de grutte soarten har gau út de lytsere ûntwikkelen.
Hâlden en dragen De Amerikaanske woffer is in skouwe fûgel dy't yn tichte reidfjilden libbet. De fûgel rint leaver fuort of ferstoppet him leaver as dat er fuortfleant. Lykas oare woffers befriest er as er fersteurd of bedrige wurdt. Hy rjochtet de snaffel streekrjocht omheech en draait him dan nei de bedriging ta. It doel dêrfan wurdt útlein dat er him sa ûnsichtber mooglik meitsje wol. Ek is waarnommen dat er fan 'e iene kant nei de oare kant beweecht om yn 'e wyn beweegjende reidstâlen te imitearjen.
De fûgel briedt yn grutte sompegebieten mei tichte begroeiïng. It nêst is in goed ferside lizzend platfoarm, boud fan'e snilen fan tuorrebouten en oare wetterplanten. It wyfke leit fjouwer oant fiif bleekblauwe of griene aaien, by útsûndering twa oant sân. Beide âlden fuorje de jongen. Faak kin der noch in twadde lechsel komme.
De Amerikaanske woffer libbet fan fisk, kikkerts, kreeften en ynsekten, dy't er klimmend troch begroeiïng fangt.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt tocht dat de populaasjes groeie. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 93.300 en 106.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen