De Sineeske woffer (Botaurus sinensis, synonym: Ixobrychus sinensis) is in Aziatyske fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.

Ferskining thumb|left|De fûgel is yn 'e tichte begroeiïng in linige klimmer. De Sineeske woffer is in lytse reager fan 36 oant 38 sm lang mei in koarte hals en in frij lange snaffel. De fûgel hat gielgriene poaten, in ivoarkleurige snaffel (tsjusterder oan 'e boppekant), in koarte swarte sturt en giele irissen. It mantsje fan 'e soarte hat in donkere krún, in fealbrune oant kastanjebrune kop en hals, mei in effen feal brúngiel lichem boppe en brunich ûnder. De krún, hals en it boarst fan it wyfke binne streke; de efterhals en bopperêch binne readbrún en de ûnderkant hat donker readbrune en brune streken. Jonge fûgels ha in soad fan it wyfke, mar binne mear streke en brún op 'e kop en rêch en boppe lochtbrune spikkels.

De Sineeske woffer hat net in útsprutsen briedkleed sa't guon oare fûgels dat hawwe, mar der binne yn de briedtiid wol in pear opfallende feroarings te sjen, fral oan 'e snaffel en de keale hûd tusken de snaffel en it each, dy't nei read of rôzeread ferkleurje.

Fersprieding It briedgebiet fan 'e Sineekse woffers beslacht in grut part fan Aazje fan it Yndiaaske subkontinint en Pakistan oant it Russyske Fiere Easten, Japan, de Filipinen en hiel Súdeast-Aazje. Ek briedt de fûgel op ferskate eilannen yn 'e Pasifyske Oseaan, lykas Palau, Mikronezyske eilannen en Gûam.

De noardlike populaasjes (lykas Noard-Sina, Japan en it easten fan Ruslân) lûke winterdeis nei it suden, rjochting Súdeast-Aazje, de Filipinen, Yndoneezje en Nij-Guineä en dielen fan Mikroneezje, mar yn 'e tropyske dielen fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel in stânfûgel.

De fûgel hâldt him benammen op yn reidfjilden, sompen mei tichte fegetaasje flakby swiet wetter.

Undersoarten De Sineeske woffer wurdt as in monotypyske soarte beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde. Hoewol't der yn it ferline wol útsteld is om ûndersoarten op basis fan lytse kleurferskillen te beneamen, wurde dy no sjoen as yndividuele fariaasjes.

Hâlden en dragen It wyfke leit meastentiids 4 oant 6 ljochtgrienblauwe aaien yn in nêst dat heechút trije meter boppe it wetter sit yn lytse beammen, strûken of tusken bamboe en reid. Yn 17 oant 20 dagen wurde de aaien troch sawol it mantsje as it wyfke útbret. Al nei in goede wike klimme de piken it nêst út om de omjouwing wat te ferkennen; nei likernôch 20 dagen ferlitte se it nêst foargoed. In Sineeske woffer kin yn ien seizoen wol twa oant trije kear briede en dat is heech foar reagerfûgels.

Status De fûgel hat de status fan net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN. Alhoewol't de fûgel yn guon gebieten (lykas op 'e Seysjellen) hurd efterút giet, wurdt der fanút gien dat de fûgel yn it algemien net rap yn oantal efterút giet. De grutste bedriging is it ferdwinen fan sompen en reidfjilden troch urbanisaasje en yndustrialisaasje. It tapassen fan bestridingsmiddelen kin ynfloed ha op it oanbod fan ynsekten en oare proaidieren. Troch wetterbehear feroaret it wetterpeil yn reidsompen. Fierder kinne fersteuring troch minsken en klimaatferoaring de soarte bedriigje. Op guon eilannen yn 'e Pasifyske Oseaan, lykas Gûam en Saipan, foarmje ynfierde rôfdieren lykas de brune beamslang (Boiga irregularis) in grut gefaar foar nêsten.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam