De Javaanske sompereager (Ardeola speciosa) is in lytse reager út de famylje fan 'e reagers (Ardeidae), dy't yn Súdeast-Aazje foarkomt. It briedkleed fan 'e soarte wykt in soad ôf fan it gewoane fearrekleed.

Ferskining thumb|left|Fûgel yn Tailân. De fûgel hat bûten de briedtiid goede kamûflaazjekleuren en is dan brún mei wite streken. De snaffel is giel mei in griiseftige boppekant (de maxilla) mei in blaugrize tint. Syn poaten binne yn it winterkleed ljochtgiel oant griengiel. Yn 'e flecht binne syn opfallend wite wjukken goed te sjen. Dy wjukken hâlde it hiele jier troch deselde kleur.

De likernôch 45 sm lange fûgel feroaret opfallend bot yn 'e briedtiid. Dan kriget de reager in bleek goudgiele kop en nekke, in kanielkleurich boarst en hast swarte fearren op 'e rêch. De snavel ferkleuret folle gieler mei in blauwe basis.

Juvenilen binne meast donkerbrún mei in swier streke patroan. Se ha net de waarme kanielkleuren fan folwoeksen fûgels en de kop is faak wat donkerder brún mei ljochte streken.

Bûten de briedtiid binne Javaanske sompereager yn it fjild hast net fan 'e Sineeske sompereagers te ûnderskieden. As de Sineeske sompereager winterdeis nei Tailân, Fjetnam, Kambodja en Maleizje trekt, komme beide soarten tagelyk yn itselde gebiet foar en wurde se maklik mei inoar betiizge.

Fersprieding De soarte wurdt opdield yn twa ûndersoarten mei elts in eigen ferspriedingsgebiet:

Ardeola speciosa continentalis: libbet op it fêstelân fan Súdeast-Aazje, Sintraal-Tailân, it súdlike diel fan Kambodja, Fjetnam en it súdeasten fan Birma. Winterdeis migrearret de continentalis nei it suden fan Maleiske Skiereilân. Ardeola speciosa speciosa (de nominaatfoarm): libbet op 'e eilannen fan Yndoneezje (Grutte- en Lytse Sûnda-eilannen) en de Filipinen, dêr't de fûgel himsels op it súdlike eilân Mindanao yntrodusearre hat.

De fûgel is fral te finen yn leechlân, mar kin him oanpasse oan ferskate wetterrike gebieten oant op in hichte fan likernôch 1.500 meter (benammen op Java). De measte fûgels binne stânfûgels mar yn Súdeast-Aazje wurdt ôfhinklik fan it seizoen en de wetterstân migrearre.

Hâlden en dragen De Javaanske sompereager briedt yn koloanjes, faak tegearre mei oare reagersoarten. Sokke koloanjes kinne út tûzenen fûgels bestean. It nêst is in frij sleau platfoarm fan tûken en reid, meastentiid yn beammen of strûken dy't yn of by wetter steane. It wyfke leit 2 oant 3 aaien (somtiden 4) grienblauwe aaien. De briedtiid hinget gear mei de reintiid. Op Java briede se fral tusken desimber en maaie, wylst se op it fêstelân fan Súdeast-Aazje faak tusken juny en septimber briede. Beide âlden briede de aaien út en fuorje de jongen. De jongen wurde fuorre mei troch de âlden opkoarre iten. thumb|left|Foerazjearjende fûgel op Selebes. Javaanske sompereagers binne oerdeis en by it skimerjen aktyf. Hy is net sinnich en yt wat er yn it ûndjippe wetter krije kin lykas fisk, kikkerts, ynsekten, sprinkhoannen, libellen, wjims en krabkes. Syn jachttechnyk is typysk foar in soad reagers: hy kin tiden deastil stean om dêrnei ynienen mei de snaffel ta te slaan. Ek rint er somtiden hiel stadich troch de rysfjilden op 'e strún nei in proai. Op Selebes is wolris waarnommen dat guon fûgels ek boppe it wetter sweve om lytse fisken te pakken, in technyk dy't by reagers fierder tige útsûnderlik is.

Status De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en de IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern). Sintraal-Tailân is in bolwurk fan 'e soarte en de fûgel komt dêr in soad foar, op Mindanao yn 'e Filipinen hat de fûgel himsels yntrodusearre en ek op Baly is de populaasje troch de tradisjonele rysbou noch stabyl. Op Java stiet de fûgel tige ûnder druk. De grutte befolkingsgroei en yndustrialisaasje feroarsaakje dêr it ferdwinen fan mangroves en sompen. Wis is ek dat de soarte op Sumatra in grutte delgong meimakke hat; de ûnbidige koloanjes dy't noch yn 'e jierren 1990 bestiene en bytiden wol tsientûzenen fûgels telden, binne troch grutskalige drûchlizzing nei alle gedachten ferdwûn. Troch feroaringen yn 'e rysbou yn it suden fan Fjetnam is ek dêr de populaasje krompen. Njonken habitatferneating foarmje de jacht op 'e fûgel foar konsumpsje en de tapassing fan pestisiden yn 'e rysbou grutte bedrigingen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sompereager Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam