De readbúkreager (Ardeola rufiventris) is in lytse reager út de famylje fan 'e reagers (Ardeidae). De soarte is opfallend oars as de oare soarten yn it skaai en hat in folle minder grut ferskil tusken bried- en winterkleed.
Ferskining Readbúkreagers ha in laaigriis oant hast blauswarte kop, rêch en it boarst. De ûnderkant hat in waarme, kastanje- oant readbrune kleur dêr't de fûgel syn namme oan tanket. De poaten binne giel en de snaffel is meast gielich mei in donkere punt. Yn 'e briedtiid kin de hûd tusken it each en de snaffel en de poaten rôzeread wurde en kriget de fûgel lange sierfearren op 'e rêch.
It mantsje is oer it algemien donkerder en djipper fan kleur, mei in hast swarte glans op 'e grize dielen. It wyfke is faak wat doffer en mear brúngriis fan kleur. It wyfke hat ek faak in ljochte, gielbrune oant wite streek oer de kiel en it foarste part fan 'e hals, dy't by it mantsje meast ûntbrekt of folle minder dúdlik is. Dêrnjonken binne de sierfearren fan 'e fûgel by it wyfke wat koarter as by it mantsje.
Juvenilen ha wol wat fan it wyfke, mar binne bruner en hawwe mear streken op 'e kop en it boarst.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet leit yn East-Afrika (Uganda, Kenia, Tanzania, Boerûndy en Rûanda), Sintraal-Afrika (de Demokratyske Republyk Kongo en Angoala) en Súdlik Afrika (Sambia, Malawy, Mozambyk, Simbabwe, Botswana, Namybje en yn 'e eastlike provinsjes fan Súd-Afrika).
De fûgel libbet yn wetterrike gebieten en wichtige bolwurken fan 'e fûgel binne de Okavango-delta (Botswana), de Bangweulu-sompen en de Kafue-flaktes (Sambia) en de Caprivistripe (Namybje).
De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet, mar komt yn drûge gebieten yn dat gebiet net foar. De populaasjes migrearje lokaal ôfhinklik fan 'e wetterstân.
Hâlden en dragen De soarte is skruten en libbet meastentiids solitêr tusken it reid of de wetterplanten, útsein yn 'e briedtiid. De fûgel is by it lemieren en skimerjen aktyf en by donkere dagen ek wol oerdeis. Syn jachttechnyk is lykas dy fan in soad oare reagerfûgels: ûnferweechlik stean en wachtsje oant der in proai foarby komt of hiel stadich troch it ûndjippe wetter trêdzje.
Se briede yn lytse koloanjes fan 6 oant 30 pearkes.
Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet mar is tige ôfhinklik fan wetter. Yn Nambyje is de fûgel seldsum. Yn Kenia en Tanzania liket de populaasje him út te wreidzjen, mar yn Malawy binne de oantallen sûnt de jierren 1990 tebekrûn.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sompereager Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe