Granville is in Frânske gemeente fan it departemint Manche yn Normandje. It is in baaiplak oan 'e baai fan 'e Mont Saint-Michel oan 'e ein fan 'e Côte des Havres. Granville is in eardere haven foar de kabeljaufiskerij en hjoed-de-dei is it de wichtichste haven foar skelpdieren fan Frankryk.
Skiednis Yn 'e iere midsiuwen kaam it gebiet ûnder Normandyske ynfloed. De stêd waard sa't wy dy no kenne ("la Haute Ville") yn 1439 stifte troch de Ingelske generaal Thomas de Scales. Dat barde yn 'e Hûndertjierrige Kriich om de Frânsen ûnder de tomme te hâlden. Op 8 November 1442 waarden de Ingelsen troch de Frânsen ferdreaun en dêrnei bleau Granville in Frânske stêd.
De stedsmuorren en festingwurken fan 'e Haute Ville spilen in grutte rol yn 'e skiednis fan 'e stêd. Granville waard yn 'e 15e oant 17e iuw fierder fersterke en bleau lang in militêr bolwurk oan 'e kust fan Normandje.
Sûnt de 16e iuw wie Granville in wichtige haven foar de kabeljaufiskerij by Nijfûnlân. Njonken de kabeljaufiskerij wie Granville in sintrum foar de hannel oer see en de skipsbou. Yn 'e rin fan 'e tiid ûntwikkele Granville him benammen yn 'e 17e en 18e iuw ta in útfalsbasis foar kapers (piraten yn tsjinst fan 'e kening), dy't de baai fan Mont Saint-Michel ferdigenen. thumb|left|De brân fan Granville yn 1793. Yn 'e Frânske Revolúsje besochten royalisten de stêd yn novimber 1793 yn te nimmen om in haven foar Ingelske help te bemachtigjen. De republikeinen wisten lykwols de oanfal ôf te slaan troch foar in part de Rue des Juifs yn 'e brân te stekken. Letter, yn septimber 1803 yn 'e Napoleontyske Oarloggen, bombardearre de Ingelske float Granville as ûnderdiel fan harren seeblokkade. Mei't de stêd de bombardeminten trochstie krige de stêd de bynamme Granville-la-Victoire.
De stêd feroare yn 'e 19e iuw troch de oanlis fan it spoar yn 1860 yn in populêr baaiplak foar keunstners en de hegerein. De famylje Dior spile yn Granville in grutte rol mei harren keunstdonghannel, foardat Christian Dior wrâldferneamd yn 'e moade waard.
De stêd waard op 18 juny 1940 sûnder striid troch de Dútsers ynnaam en yn 'e simmer fan 1944 befrijd. Yn maart 1945 (nei D-Day!) waard Granville lykwols nochris troch Dútske troepen oanfallen fanút de Kanaaleilannen (benammen fanút Jersey). Dat wurdt de Raid op Granville neamd en wie ien fan 'e lêste Dútske aksjes op Frânsk grûngebiet.
It besjen wurdich De boppestêd is it histoaryske hert op in rotspunt en wurdt omfieme troch fêstingmuorren. Njonken hearehûs en de haven mei de ophelbrÊge stiet dêr de Notre-Dame fan Cap-Lihou. Pointe du Roc is in plak mei in fjoertoer (Phare du cap Lihou) en de resten fan Dútske bunkers út de Twadde Wrâldkriich. It sintrale strân Plage du Plat-Gousset hat in bûlevard mei wite strânhûskes en it Casino de Granville.
Tichteby lizze de Chausey-eilannen. Fanút dee haven farre fearboaten nei de arsjipel, dy't by leechwetter út hûnderten eilandsjes bestiet en in moaie natuer ha.
Musea Musée d'Art Moderne Richard Anacréon (boppestêd): moderne keunst en tydlike eksposysjes. Musée d'Art et Histoare Musée Christian Dior: it âldershûs fan 'e moadeûntwerper.
Untwikkeling befolking Jier 1793 1851 1876 1901 1926 1946 1954 1962 1982 Ynwenners 6.649 11.035 12.527 11.667 10.497 10.132 10.368 13.546 10.894Jier 1999 2011 2021 Ynwenners 12.687 12.999 12.581
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Manche Kategory:Gemeente yn Manche