Sebastiaan fan Schonenburg (ek wol: Schoonenburg, Schonenburg of Schoenenburger) (stoarn yn Kollum, 1558) wie in Fryske bestjoerder.
Biografy Van Schonenburg skynt fan Dútsk komôf west te hawwen, al is dêr gjin bewiis foar fûn. Yn 1527 kaam er foar as drossaard yn Frjentsjer. Dêrnei waard er yn 1535 of 1536 beneamd ta grytman fan Kollumerlân. Wierda, G. (2014). Een trilogie: Van Goorle, Martena en Harinxma. It Beaken, 76(2/3), sd. 170-196. Noardlik fan Kollum besiet er de Schonenburg State en yn Kollum sels stie it Hûs Schonenburg dêr't letter it gritenijbestjoer sit hie. Andreae, A.J. (1975). Kollumerland en Nieuw Kruisland geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving door Mr. A. J. Andreae. Ljouwert: De Tille. Yn 1550 wie Van Schonenburg fanwege sykte ôfwêzich by de lândei yn 1550 wêrby't de huldiging fan kening Filips II fan Spanje behannele waard. Dêrom waard plakferfangend-grytman Tjepke Hessels as folmacht stjoerd. Baerdt van Sminia, H.B. (1837). Nieuwe naamlijst van grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, met geschiedkundige aanteekeningen. Ljouwert: H.C. Schetsberg. Yn 1551 hie Fan Schonenburg in konflikt mei de abt fan it kleaster Jeruzalim oer de jurisdiksje oer Boerum. Berg, H.M. van den (1989). Kollumerland en Nieuw Kruisland, voorafgegaan door Overzicht van de bouwkunst in Noordelijk Oostergo. De Haach: SDU uitgeverij. Yn 1552 wurdt Van Schonenburg fermeld as eigener fan in wapenrissing yn Kollum. Mol, J.A. (2017). De Friese volkslegers tussen 1480 en 1560. Hilversum: Uitgeverij Verloren. Yn 1556 waard er opfolge as grytman troch syn skoansoan, Joost van Hardenbroek. Van Schonenburg sels bleau funksjonearjen as substitút-grytman.
Houlik en bern Fan Schonenburg troude mei Ath fan Herema, dochter fan Sybrant fan Herema en Auck fan Camstra. It pear krige ûnder oaren de folgjende bern: Maarten fan Schonenburg, troude mei Eelck van Heemstra. Maarten wie grytman fan Dantumadiel. Anna fan Schonenburg, troude mei Pieter fan Eemskerk, griffier fan it Hof fan Fryslân. Cecilia (Siettie of Lucia) fan Schonenburg, troude mei Joost fan Hardenbroek, grytman fan Kollumerlân nei Van Schonenburg.
Sjoch ek List fan grytmannen fan Kollumerlân en Nijkrúslân
Kategory:Grytman fan Kollumerlân Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Kollum Kategory:Persoan stoarn yn 1558