Ridder Joost fan Hardenbroek (Kastiel Hardenbroek (mooglik), 1510 - Kollum, septimber 1557) wie in Nederlânske ealman en bestjoerder.
Biografy Van Hardenbroek wie in soan fan Gijsbert van Hardenbroek en Mechteld van Raephorst. Joost wie in telch út de famylje Van Hardenbroek. Syn heit Gijsbert wie hear fan Hardenbroek en rintmaster-generaal fan de biskop fan Utert.
Van Hardenbroek waard yn 1528 boppe de gewoane ridderskip steld om keizer Karel V te ûntfangen. Hy wie tusken 1537 en 1549 lid fan de ridderskip fan Utert. Nei it ferstjerren fan syn heit waard Joost yn 1532 beliend mei kastiel Hardenbroek. Yn 1536 waard Hardenbroek troch de Steaten fan Utert erkend as ridderhofstêd. Regt, W.M.C. (1924). Hardenbroek (Joost van). Yn: P.C. Molhuysen & P.J. Blok (Red.) (1924). Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek, Deel 6. Leien: A.W. Sijthoff. siden 705-706.
Yn novimber 1556 waard Van Hardenbroek troch Karel V oansteld as grytman fan Kollumerlân. Yn dit amt folge er syn skoanheit Sebastiaan van Schonenburg op wylst Van Schonenburg as substitút-grytman fungearje soe. Van Hardenbroek wenne yn Kollum, nei alle gedachten yn it Hûs Schonenburg yn it doarp sels of op de Schonenburg State benoarden Kollum. Hy waard beïerdige yn de Martenstsjerke fan Kollum. Syn grêfstien jout ûnrjochtlik oan dat er grytman wie fan Kollumerlân likegoed as Nijkrúslân. Dy amten waarden earst ûnder Claes Clant feriene. Andreae, A.J. (1975). Kollumerland en Nieuw Kruisland geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving door Mr. A. J. Andreae. Ljouwert: De Tille
Houlik en bern Van Hardenbroek troude yn 1532 mei Josina van Parijs van Zuydoort, dochter fan Johan van Parijs van Zuydoort en Maria de Gruyter. Mei har hie er fiif bern ûnder oaren: Gijsbert van Hardenbroek, nei syn heit hear fan Hardenbroek.
Nei it ferstjerren fan syn earste frou troude Van Hardenbroek yn 1547 mei Lucia van Schonenburg, dochter fan Sebastiaan van Schonenburg en Aef fan Herema. Mei har krige er ûnder oaren de folgjende bern: Jan van Hardenbroek. Ernst van Hardenbroek, kapitein. Johanna van Hardenbroek, troude met Roelof Grauwert, hear fan Weerdesteyn.
Sjoch ek List fan grytmannen fan Kollumerlân en Nijkrúslân
Kategory:Grytman fan Kollumerlân Kategory:Nederlânske adel Kategory:Persoan stoarn yn Kollum Kategory:Persoan berne yn 1510 Kategory:Persoan stoarn yn 1557