De gielkrúnnachtreager (Nyctanassa violacea, synonym: Nycticorax violaceus) is in fûgel út 'e reagerfamylje út Noard-, Sintraal- en Súd-Amearika. De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Ardea violacea publisearre troch Linnaeus.

Beskriuwing De gielkrúnnachtreager wurdt likernôch 55 oant 70 sintimeter, hat in spanwiidte fan 101 oant 112 sintimeter en weaget sawat 650 oant 850 gram. De folwoeksen fûgel hat in benammen laaigriis oant blaugriis lichem. De wjukken hawwe faak in skobbich patroan mei't de donkere fearren ljochtgrize rânen ha. De kop is swart mei in brede wite wangstreek en in gielwite oant krêmkleurige krún, dêr't de fûgel de namme oan tanket. De eagen fan in folwoeksen fûgel binne opfallend felread. De poaten binne gewoanwei giel oant oranje-giel. De snaffel is altyd swart en stevich.

Yn 'e briedtiid krije de fûgels ferskillende tinne wite sierfearren en ek op 'e rêch wurde de fearren faak wat langer en moaier. De oars giele poaten ferkleurje yn 'e briedtiid nei koraalread of rôze, wylst de hûd om 'e eagen ek yntinsiver fan kleur wurde kin.

Juvenilen binne fral griisbrún oant donkerbrún fan kleur mei oer it hiele bealchje ljochte streekjes en plakjes. Op 'e ûnderkant fan it bealchje binne de streken wat breder en ljochter. Jonge fûgels ha earst giel oant oranje eagen.

250x250px 250x250px Folwoeksen fûgel (briedkleed) Juvenyl

Fersprieding en habitat Der wurde fiif ûndersoarten erkend:

N. v. violacea: eastlik Noard-Amearika, Golfkust, Karibysk gebiet. N. v. bancrofti: westlik Meksiko en Baja California. N. v. caliginis: Pasifyske kust fan Panama oant Perû. N. v. cayennensis: noardlik en noardeastlik Súd-Amearika. N. v. paupera: Galapagoseilannen

De fûgels komme foar yn wiete gebieten mei swiet, sâlt of brak wetter.

Hâlden en dragen It dieet fan 'e gielkrúnnachtreager bestiet út fisk, weakdieren, kreeften, kikkerts en lytse reptilen. Hy jaget sawol deis as nachts. Faak stiet er ûnferweechlik oan 'e wetterkant, wachtsjend op 'e proai. Ek beslûpt er de proai tige stadich.

Gielkrúnreagers briede yn koloanjes en ek solitêr. Se bouwe de nêsten fan tûken yn beammen en strûken, meastentiids boppe it wetter. Beide skaaien bouwe it nêst. It wyfke leit trije oant fiif ljochtgriene/blauwe aaien en beide skaaien briede de aaien yn goed trije wiken út. Sawol it mantsje as it wyfke fuorret de piken, dy't nei 25 dagen útfleane.

Status De gielkrúnnachtreager hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre en de populaasje wurdt as stabyl beöardiele. Der is gjin rûzing fan 'e oantallen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gielkrúnnachtreager Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen