De Notre-Dame fan Cap Lihou (Us-Leaffrou fan Cap Lihou, boutiid 15-18e iuw) is in katolyk tsjerkegebou yn 'e Franske stêd Granville (Normandje). De tsjerke is in histoarysk monumint.
Skiednis De earste kapel waard yn 'e 12e iuw fan granyt boud op Cap Lihou (Kaap fan Lihou; mei Lihou wurdt nei alle gedachten in lyts eilân by Guersey ornearre.). Neffens in leginde barde dat nei't seelju yn 1113 in byld fan 'e Jongfaam Marije yn harren netten oantroffen. thumb|left|Ynterieur. Nei't de Ingelsen Cap Lihou yn hannen krigen hiene, begûnen hja dêr yn 1440 tagelyk mei de oanlis fan 'e fersterkingen fan 'e Haute Ville (de hjoeddeiske boppestêd), mei de bou fan in tsjerke, dy't oan Us-Leaffrou opdroegen waard. It granyt waard mei platboaiems fan 'e Chausey-eilannen helle. Ut dy tiid datearje de klokketoer en de traveeën tusken it dwersskip en it koer.
De bou fan it koer sette yn 1628 útein en waard yn 1641 foltôg. Yn 'e selde tiid waard ek de koeromgong boud. Tusken 1643 en 1655 folge it skip en de krúsribferwulften waarden yn 1649 foltôge. De kapellen fan Sint-Klemins en Us-Leaffrou fan Kaap Lihou waarden yn 1674 en 1676 tafoege. Hast in iuw letter waarden de westlike gevel (1767) en de sakristy (1771) boud.
Yn 'e tsjerke waard yn augustus 1908 Christian Dior doopt en op oantrunen fan Lucien Dior, de doetiidske boargemaster fan Granville, waard de tsjerke yn 1930 in histoarysk monumint.
Beskriuwing De eastlik oriïntearre tsjerke hat de foarm fan in krús mei sydskippen en in mearsidige apsis. It koer en de sintrale toer yn flamboyant-goatyske styl waarden yn 'e jierren 1430–1440 yn opdracht fan 'e stifter fan Granville, Thomas Scales, boud. It skip datearret út de 17e iuw en it dwersskip út de 18e iuw.
De fjouwerkante klokketoer, mei op alle kanten in finsteriepening en bekroand mei in flamboyant-goatyske balustrade (1593), hat in smellere achthoekige spits, dy't yn 1700 op 'e nij boud waard. De stiennen spits is wat weromset en de stjitfoegen ha in list mei heakfoarmingen fersieringen.
Yn 'e flier fan 'e tsjerke binne ferskillende grêfstiennen fan foaroansteande famyljes fan Granville.
Oargel thumb|left|Oargel. It grutte oargel datearret fan 1660-1662. Sûnt 1981 is de oargelkas en de kreake in histoarysk monumint en sûnt 1989 ek it ynstrumint. It ynstrumint hat likernôch 2.500 pipen en 34 registers. It bestiet út trije manualen fan 54 toetsen en in pedaal fan 30 toetsen.
De oargelkas mei de oargelkreake stamt út de boutiid fan it oargel en binne it wurk fan Robert Ingoult út Cherbourg. De spyltafel datearret út 1899 en waard troch it oargelbedriuw Debierre út Nantes makke.
Kategory:Granville Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út de 15e iuw