De Yndyske nachtreager (Gorsachius melanolophus) is in Súdeastaziatyske fûgelsoarte út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e twa soarten yn it it skaai bosknachtreagers Gorsachius.

Ferskining De Yndyske nachtreager is in middelgrutte, stevich boude reager fan likernôch 45 oant 51 sm lang. Folwoeksen fûgels binne foar it grutste part kastanjebrún mei fine, donkere strepkes. Op 'e kop ha se in swarte krún mei in lange, swarte túf dy't er opsette kin. De hûd om de eagen hinne is blau-grien, mar yn 'e briedtiid ferkleuret dy nei felblau. Fan 'e kiel ôf rint der in dúdlike, brede swarte streek rjocht nei ûnderen oer de midden fan 'e hals.

Jonge fûgels binne wyt, griis en bêzje moarmere. Harren krún en nekke is wyt bespikkele.

250x250px 250x250px Folwoeksen fûgel Juvenyl

Fersprieding De Yndyske nachtreager komt foar yn it suden en easten fan Aazje, fan Yndia en Sry Lanka oant Taiwan, de Filipinen en Yndoneezje. Se hâlde fan tichte en fochtige tropyske en subtropyske bosken.

De fûgel briedt yn in breed gebiet yn Súd- en Súdeast-Aazje yn 'e West-Ghats en it noardeasten fan Yndia, Súd-Sina, Taiwan en de Ryukyu-eilannen. Fûgels út de noardlike en westlike briedgebieten lûke winterdeis nei it suden nei Sry Lanka, Maleizje, Yndoneezje, Yndosina of de Filipinen. Oerwinteringsgebieten binne Tailân, Laos, Fjetnam, Kambodja en de Filipinen. De briedpopulaasjes fan Yndosina, Taiwan, de Filipinen, Súd-Japan en de Nikobaren binne stânfûgels.

De fûgel wurdt as monotypysk behannele of yn twa ûndersoarten ferdield:

Gorsachius melanolophus melanolophus - hast it hiele ferspriedingsgebiet, útsein de Nikobaren. Gorsachius melanolophus minor - Nikobaren.

Hâlden en dragen thumb|left|Juvenyl. Yndyske nachtreagers binne skruten en wurde ek mei't de fûgel yn tichte bosken libbet en by it skimerjen en nachts aktyf is, net faak sjoen. Mar yn Taiwan passe de fûgels harren goed oan minsken oan en dêr briede se bytiden flakby gebouwen yn 'e stêd en brûke gersflaktes fan parken om te foerazjearjen. De populaasje is dêr ek relatyf grut en om de fûgel te sjen is Taiwan ien fan 'e bêste plakken.

Hy libbet solitêr. As de fûgel him bedrige fielt wurdt de túf opset, wurde de wjukken útspraat en hellet er mei de snaffel út nei syn tsjinstanner. Lykas de reiddomp kin de fûgel om net op te fallen ûnferweechlik stean mei de snaffel rjocht omheech.

De briedtiid ferskilt geografysk, mar falt yn 'e regel yn kombinaasje mei de reintiid as der genôch iten is. It nêst sit yn dichte beammen, strûken of bamboe by wetter en der wurde meastentiids 3 oant 5 effen wite oant blaugrienige aaien lein. Beide âlders wikselje inoar op it nêst ôf. It duorret sa'n 30 oant 35 dagen foardat de aaien útkomme. As de piken út it aai krûpe sitte yn griiswyt dûns.

Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2025) klassifisearre. Troch de kap fan tropysk bosk foar lânbou en yndustry wurdt harren leefgebiet lytser. Op in soad plakken is de fûgel seldsum en net algemien en se binne gefoelich foar minsklike aktiviteiten tichteby harren nêsten.

Yn Taiwan hat de Yndyske nachtreager him yn in pear desennia tiid fan in skrutene boskfûgel ûntwikkele nei in fûgel dy't tichteby minsken libbet. Dat is te tankjen oan 'e goede beskerming fan 'e lânseigen bisten fan it lân. Organisaasjes lykas de Taiwan Wild Bird Federation (TWBF) spylje in grutte rol by it foarljochtsjen fan it publyk en it beskermjen fan 'e leefgebieten en op it fersteuren of mishanneljen fan wylde bisten steane yn it lân foarse boetes of sels finzenisstraffen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bosknachtreager Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam