De Japanske nachtreager (Gorsachius goisagi) is in seldsume Eastaziatyske fûgelsoarte út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e twa soarten yn it it skaai bosknachtreagers Gorsachius en de fûgel briedt yn boskrike gebieten, benammen yn it suden fan Japan. Winterdeis migrearret de fûgel nei de Filipinen.
Ferskining De Japanske nachtreager is in lytse en kompakte reager fan sa'n 49 sintimeter mei in sterke snaffel. Hy is readbrún op 'e kop en nekke, mei swarte streken oer de hals en it boarst. De boppekant en de wjukdekfearren binne kastanjebrún mei in tinne, swarte moarmering. De besibbe Yndyske nachtreager hat in swarte krún en in lange túf en wite markearingen op 'e hânfearren dy't yn 'e flecht goed te sjen binne.
It lûd is in fierdragend en in ûle-eftich roppen, dat sawol yn 'e briedtiid as ûnder de trek te hearren is. By it sykjen nei iten kin er ek in skrassend lûd meitsje.
Fersprieding en systematyk De Japanske nachtreager briedt benammen yn súdlik Japan. Der is lykwols ek ien melding fan in briedgefal op Taiwan en resint is ek in briedplak ûntdutsen op it Súd-Koreaanske eilân Cheju-do. Mooglik komt der ek in populaasje foar yn it binnenlân fan Sina. Fierder is er yn 'e maitiid en simmer yn súdeastlik Ruslân waarnommen en by de trek oan 'e kust fan Sina, Hongkong en Taiwan. Hy oerwinteret benammen op 'e Filipinen, mar is winterdeis ek waarnommen yn Yndoneezje en insidinteel yn Brûnei, Palau en Fjetnam. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen De Japanske nachtreager briedt by wetter yn tichte bosken op hellingen oant 1.500 meter hichte. Hy foerazjearret yn it bosk by it skimerjen en it lemieren, mar ek yn sompen, op rysfjilden en lânbougrûn, dêr't er jaget op wjirms, lânslakken, ynsekten, krobben.
Waarnommen is dat de fûgel briedt fan april tot july. In ûndersyk lit sjen dat reinfal en de hoemannichte ferlitten rysfjilden wichtige faktoaren binne foar it foarkommen fan 'e soarte.
Status Oant de jierren 1970 wie de soarte lokaal noch algemien yn Japan, mar sûnt is de fûgel út in oantal briedgebieten ferdwûn. Earder waard de hiele wrâldpopulaasje op mar 600 oant 1.700 folwoeksen fûgels rûsd, mar dat wurdt no troch de IUCN as in te pessimistyske rûzing beskôge. Yn 2020 waard de populaasje op 5.000 oant 10.000 folwoeksen fûgels rûsd. De status fan 'e soarte waard dêrfandinne fan earnstich bedrige nei kwetsber ferlege.
Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is ôflaat fan 'e Japanske namme Goi-sagi foar de nachtreager (Nycticorax nycticorax), letterlik "reager fan 'e fyfte rang" (goi betsjut "fyfte rang", sagi "reager"). Neffens in Japanske leginde joech keizer Daigo, dy't fan 897 oant 930 oer Japan hearske, in fazal de opdracht in nachtreager te fangen. Doe't de nachtreager fan dat befel hearde, liet er him moedwillich en sûnder ferset fange. De keizer wie optein oer syn grutte oermacht op sawol de minske as de natoer, dat er de fûgel "Kening fan 'e Reagers" neamde en de aadlike posysje fan fyfte rang oan syn hôf joech en de fûgel dêrnei frijliet.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bosknachtreager Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan