Doezum en Opende is in earder wetterskip yn de provinsje Grinslân, dat oprjochte waard yn 1861 en opheft waard yn 1971. It besloech in oerflak fan 35,8 km².
It wetterskip waard begrinzge troch it Hoendjip (it hjoeddeiske Van Starkenborghkanaal) yn it noarden, de Fryske grins yn it westen en de Leidyk yn it suden. De eastgrins waard fan noard nei súd foarme troch de Doezumertocht en it ferlingde dêrfan oant de N 980. Dêrwei rûn er skean nei it súdlike punt fan de Havinga's reed. Op it lêst rûn er sawat healwei de Harkereed en de Verlenge Havinga's reed oant de Leidijk. De wetterskippen Zuidpolder en Bombay leine foar in part yn it wetterskip, wylst de Lauwers en de Van der Veenpolder der folslein yn leine.
It wetterskip hie as taak it ûnderhâld fan de Doezumertocht en it eventueel oanbringen fan in skutslûs by de útmûning fan dizze haadwettergong yn it Hoendiep. It lêste is noait wat fan kommen.
Wettersteatkundich sjoen leit it gebiet sûnt 2000 hast hielendal yn it wetterskip Fryslân. It súdlike part, tsjin de Leidyk oan, is sûnt 1995 yn behear by wetterskip Noorderzijlvest.
Sjoch ek Doezum Opende
Kategory:Westerkertier Kategory:Earder wetterskip yn Grinslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1861 Kategory:Organisaasje opheft yn 1971