Eastenrykske wenten binne prefabrisearre wenningen dy't flak nei de Twadde Wrâldoarloch yn it ramt fan de weropbou yn Nederlân boud waarden. De wenningen waarden yn ûnderdielen út Eastenryk wei oan Nederlân levere en troch lokale oannimmers opboud. De oanfier gie oer it spoar: de wenning wiene der twa frachtwagons nedich foar it ferfier.

Skiednis Om 1948 hinne skreau it Ministearje fan Weropbou en Folkshúsfesting alle Nederlânske gemeenten oan mei de fraach oft dy dielnimme woene oan dit projekt. Yn eltse gemeente dy't him doe opjûn hat, waarden ien of mear Eastenrykse wenningen boud, fan De Helder / Huisduinen oant Weert en Heerlen. Yn totaal binne der 800 realisearre. Tal fan hûnderten wurde oant op de dei fan hjoed bewenne en in oantal is yntusken Ryksmonumint (Emmeloord), provinsjaal monumint (Hoogeveen) of gemeentlik monumint (Drachten, Ljouwert). Dijk, T. van, Oostenrijkse Woningen in Nederland: hoe een noodoplossing een troetelkind werd ArcGIS StoryMaps

De houten prefab-wenten koene gau realisearre wurde. Utgeande fan in al leine fundearring duorre it in pear dagen om in Eastenrykske wenning te bouwen. De yndieling is hiel logysk en elke romte hat in rút. It binne enerzjysunige, duorsume wenningen. De wenningen binne faak op romme kavels set. Oan de neioarlochske weropbou leveren se in beheinde bydrage. Faak waarden se tawiisd oan gemeentlike amtners, âld-fersetsstriders (of neibesteanden dêrfan) of oare foar de gemeente wichtige lju.

It Nederlânske regear betelle as gefolch fan it neioarlochske devizetekoart in natura mei sied, drûge griente en fiskkonserven. Oostenrijkse woningen in Nederland, Oostenrijk magazine online Heveadorp in foto's en verhalen - Oostenrijkse woningen, 8 oktober 2020

Keppeling om utens (pdf) , Oostenrijkse Woningen in Nederland, skripsje TU-Delft z.j.

Kategory:Arsjitektuer yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Nederlân Kategory:Weropbou nei de Twadde Wrâldkriich