De Serengeti is in ferneamd natuergebiet yn it noarden fan Tanzania (East-Afrika). Oan 'e noardkant fan 'e Serengeti rint it natuergebiet troch yn it Nasjonaal Park Masai Mara yn Kenia. Serengeti is fral bekend troch de ûnbich grutte populaasjes migrearjende bisten en it wurdt as ien fan 'e meast biodiverse ekosystemen fan 'e wrâld beskôge.
It wurd Serengeti komt út de taal fan 'e Masai en betsjut soksawat as it plak dêr't it lân gjin ein kent, itjinge in ferwizing is nei de útwrydske savannes. Skiednis Ut ûndersyk fan fossilen is oantoand dat it gebiet al miljoenen jier ferlyn it leefgebiet wie fan 'e Homo habilis, in foarâlder fan 'e minske, wat it gebiet wichtich makket foar de stúdzje fan 'e minsklike evolúsje.
It gebiet krige yn 1951 offisjeel beskerming as it Nasjonaal Park Serengeti fanwegen de útsûnderlike natuer. Yn 1981 folge de opname fan it gebiet op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO fanwegen it útsûnderlik ekologysk belang.
Geografy It Serengeti-ekosysteem is likernôch 30.000 km² grut, wylst it nasjonale park sels likernôch 14.750 km² grut is. It leit fan noardlike Tanzania oant yn Kenia's Masai Mara.
De hichte fan it gebiet leit tusken 920 oant 1850 m boppe seenivo. It gebiet hat in grut ferskaat oan lânkippen lykas grutte iepen savannes, dêr't de grutte sûchdieren weidzje. Alde graniten rotsformaasjes biede bisten lykas liuwen en loaihoarsen skûlplakken. Tige wichtich foar it wetter yn it gebiet, fral yn 'e drûge tiid, foarmje de rivieren. Fierder biede bosken en wiete gebieten skûl- en briedplakken oan in grut tal soarten.
Migraasje thumb|left|Migraasje fan wyldebisten. De Serengeti is wol it meast bekend fanwegen de Grutte Migraasje. Likernôch oardel miljoen wyldebisten trekke mei sebra's en gasellen alle jierren yn in grutte sirkel troch it gebiet op 'e strún nei fretten.
Fauna Njonken grutte katten en herbivoaren libje mear as 500 fûgelsoarten yn it gebiet. In soad bisten binne tige wichtich foar de ekology fan it gebiet en guon binne bedrige, lykas de swarte noashoarn, de wylde hûn en de jachtloaihoars. Mei de oangrinzgjende gebieten lykas Ngorongoro, Masai Mara, Grumeti en Maswa foarmet Serengeti in ûnbidich natuergebiet dat de bisten frij lit trekke.
Behear Alhoewol't it gebiet beskerme is wurdt ek de Serengeti bedrige troch ûntbosking, de befolkingsgroei, streuperij en troch de oerheid útstelde ynfrastruktuerprojekten dy't de trekrûtes fersteure kinne.
It Nasjonaal Park Serengeti wurdt offisjeel beheard troch de Tanzania National Parks Authority (TANAPA). Dy oerheidsynstânsje is ferantwurdlik foar it behearsen fan toerisme en de beskerming fan it park neffens de Wildlife Conservation Act en oare nasjonale wetten.
Kategory:Nasjonaal park yn Tanzania Kategory:Wrâlderfgoed yn Tanzania Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1951 Kategory:Flakte yn Afrika