Santiago Calatrava Valls (Falinsia, 28 july 1951), koartwei Calatrava, is in Spaanske arsjitekt en sivyl yngenieur. Hy is bekend fanwegen it ûntwerp fan in soad oriïntaasjepunten oer de hiele wrâld, yn it bysûnder brêgen en treinstasjons, wêryn't op ynnovative wize konstruktyf ûntwerp mei arsjitektuer kombinearre wurdt.
Wurkpaad Calatrava studearre yn 1974 ôf oan it Ynstitút foar arsjitektuer yn Falinsia en sân jier letter as yngenieur oan it Ynstitút foar Technology (ETH) yn Zürich. Yn datselde jier fêstige er syn earste kantoar yn Zürich. Yn 1989 iepene er in kantoar yn Parys, yn 1991 yn Falinsia en yn 2004 yn New York.
Troch de kombinaasje fan konstruksjelear en arsjitektuer kin Calatrava yn beide rjochtingen maklik syn paad fine. Hy kreëarret in soad fernijende wurken mei each foar sawol de foarmjouwing as de konstruksje. Syn arsjitektuerstyl soe as neofuturisme omskreaun wurde kinne.
Yn 1979 wûn er de Auguste Perret Award omdat er de kwaliteit fan Perrets wurk op it mêd fan konstruksjes op'e nij libben ynblaasde, en omdat er opnij de klam lei op it belang fan it hawwen fan in basiskonstruksje om in úteinlike foarm te kreëarjen.
Treinstasjons
Brêgen
Oare bouwurken
Kategory:Spaansk arsjitekt Kategory:Falinsiaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1951