De Australyske wilster (Peltohyas australis, synonym: Charadrius australis) is in endemyske fûgelsoarte út Austraalje.
Ferskining De opfallende soarte wurdt 19 oant 23 sm lang en is boppe sânkleurich oant readbrún mei in opfallend swart strekepatroan op 'e boppedielen. De foarholle en de kiel binne okerkleurich mei in oangrinzgjende brede swarte streek fan 'e krún oer it each. Fierder hat de fûgel in swarte bân yn 'e nekke, dy't by it skouder nei de midden fan it boarst oer de búk rint.
Fersprieding De soarte wurdt selden by wetter sjoen en libbet yn drûge, keale, flakke stien- en woastyneftige ynlânske gebieten mei mar in bytsje begroeïng. Ek wurdt er wol op omdolle lân sjoen. It ferspriedingsgebiet leit foar it grutste part yn it midden en suden fan Austraalje.
Hâlden en dragen De fûgel bout it nêst yn in kûltsje op 'e grûn mei dêromhinne wat stientsjes en sân. Der wurdt twa of trije aaikes lein, dy't by it ferlitten fan it nêst bedutsen wurde. Hy briedt yn kombinaasje mei rein it hiele jier troch.
Status Australyske wilsters komme yn grutte dielen fan Austraalje foar en de kâns op útstjerren is allinnich dêrom al lyts. Der is gjin rûzing fan 'e hiele populaajse en der is likemin in oanlieding om te tinken dat de soarte efterút giet. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Australyske wilster Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje