Belitung is in eilân yn it westen fan Yndoneezje yn 'e seestrjitte tusken Sumatra en Borneo. Yn 'e selde seestrjitte leit ek it eilân Bangka.
Bestjoer It bestjoer fan it eilân bestiet út twa regintskippen (kabupaten), dy't falle ûnder de Yndonezyske provinsje Bangka-Belitung:
Belitung: it noarden en westen fan it eilân mei de haadstêd Tanjung Pandan. Belitung Timur (East-Belitung): it eastlike diel mei de haadstêd Manggar.
Geografy It eilân bestiet út wite strannen, sompen en heuvels. De kusten binne flak mei in soad eilantsjes en wurde út en troch ûnderbrutsen troch grutte rotspartijen. It licht heuveleftige terrein giet mear nei it sintrum fan it eilân oer yn heger gebiet. It heechste punt fan it eilân is de berch Tajam (Gunung Tajam) mei in hichte fan likernôch 510 m.
It klimaat is tropysk en it hiele jier waarm en fochtich. De drûge tiid leit tusken april en oktober en it reinseizoen falt tusken novimber en maart. Oer it generaal binne de moesons minder fûl as op Java.
It eilân bestiet foar in grut part út granyt, dat te sjen is oan 'e foarm fan ûnbidich grutte rûne rotsblokken. Yn 'e boaiem wurdt tin, kwarts en kaolyn (in wite klaai) fûn. thumb|left|Mar dat ûntstie troch ôfgraving fan kaolyn. Oan 'e kust binne mangroves, wylst it binnenlân bestiet út reinwâld. In soad gebieten binne net mear oarspronklik mei 't de âld tinminen keunstmjittige marren feroarsaken en in soad bosk is hjoed-de-dei sekundêr bosk. Yn it easten is it lân flakker as yn it westen; troch de minne ôfwettering dêr bliuwt it reinwetter langer stean. De bosken binne dêr minder ticht en der is mear gerslân.
Skiednis Belitung lei eartiids oan 'e hannelsrûte tusken Sina en de Arabyske wrâld. Dat de rûte wichtich wie hat bliken dien mei it finen fan in 9e iuwske dwowby Belitung, in Arabysk sylskip. It wetter om Belitung wie eartiids berucht fanwegen de piraterij, dy't de ynlânske baaien as harren skûlplakken brûkten.
Oant de 19e iuw bleau Belitung dreech tagonklik troch de sompen, mangroves en it wiete leechlân. Troch de lege lizzing en minne ôfwettering bleaunen gebieten faak lang splis stean. It oare diel fan it eilân wie begroeid mei tichte reinwâlden. Dêrfandinne konsintrearre de bewenning him oan 'e kust en doarpen wienen better te berikken mei de boat as oer lân. Mei de oanlis fan diken, it ûntboskjen en it ûntwetterjen fan sompen waard it binnenlân yn 'e 19e iuw ûntsletten.
Yn 1812 oermastere Grut-Brittanje Belitung en de oanbuorjende Bangka-eilannen op 'e sultan fan Palembang. De Britten bleaunen dêr oant 1824 de baas, doe't se mei it Ferdrach fan Londen Belitung oan 'e Nederlanners oerdroegen. It eilân waard yntegrearre yn 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy en dat betsjutte in lang Nederlânsk bewâld, dat oant de Japanske besettig yn 'e Twadde Wrâldkriich duorre en dêrnei oant de Yndonezyske ûnôfhinklikens. thumb|left|N.V. Billiton Maatschappij op Bilitung (1939). It winnen fan tin sette yn 'e twadde helte fan 'e 19e en iere 20e iuw útein, fral troch de N.V. Billiton Maatschappij. De oandielen dêrfan wienen foar in belangryk diel yn hannen fan prins Willem Freark Hindrik, de broer fan kening Willem III. De wurkomstannichheden yn 'e minen wienen lykas yn Nederlân striemin en in soad ferstoaren oan syktes. De ferlinging fan 'e konsessy late om 1872 hinne ta de Billiton-kwestje yn it Nederlânsk parlemint, doe't kening Willem III him aktyf mei de konsessy's oan partikuliere tinbedriuwen bemuoide, itjinge troch it parlemint as it skeinen fan it ministeriële foech beskôge waard. It parlemint oardiele dat it regear te folle oan 'e kening tajoech en te min de belangen fan 'e steat behertige. Dêrtroch ferlear it regear it betrouwen fan 'e Twadde Keamer en moast it regear ôftrede.
Tegearre mei Bangka heart Belitung ta de grutste tinprodusinten fan 'e wrâld. Njonken tin wurde der ek oare ertsen en mineralen lykas klaai, izererts en silica-sân wûn.
Befolking It grutste part fan 'e befolking libbet yn doarpkes en lytse stêden lykas Tanjung Pandan en Manggar. De grutste befolkingsgroepen binne Malay-folken. Dêrnjonken binne der minderheden lykas Sineeske Yndoneezjers en migranten fan oare eilannen.
De grutste religy is de islam, mei lytse kristlike en boedhistyske minderheden. Njonken lokale farianten fan Malay wurdt it Bahasa Indonesia praat.
Namme thumb|left|Billitonyt. Neffens in leginde tanket it eilân de namme oan Balineeske Hindoe's, dy 't it eilân Bali-potong neamden om 't hja tochten dat it in ôfsnien stik fan Baly wie. Yn 'e koloniale tiid waard it eilân troch Europeanen Billiton neamd, in namme dy't ferwiist nei Billitonyt, it swarte meteoryt dy't by de winning fan tin ûntdutsen waard. De lokale befolking brûkt de namme Belitung (ek stavere as Belitong yn it Maleisk).
Kategory:Eilân yn Yndoneezje Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan