It sniedûkelmantsje (Anarhynchus nivosus) is fûgeltsje yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út de famylje fan 'e wilsterfûgels.

Ferskining thumb|left|Winterkleed. It sniedûkelmantsje is in lytse, 15 oant 17 sm grutte wilster mei relatyf koarte wjukken en in lange sturt. Wat ferskining oanbelanget hat er in soad fan it nau besibbe gewoane dûkelmantsje mei in tin en puntich snaffeltsje, donkere poatsjes, in griisbrune boppekant, in wite nekkebân, in wite wynbraustreek en in wite ûnderkant. Yn it briedseizoen hat er in swart brutsen kraach ûnder de wite nekkebân, in swarte stripe op 'e foarholle en in swarte stripe troch it each. Wyfkes binne wat doffer. Winterdeis binne wyfkes en mantsjes hast net fan inoar te ûnderskieden; it swarte lak op 'e foarholle ûntbrekt en de plakken op 'e nekke en efter it each binne bleekbrún oant griiseftich.

Yn ferlikening mei it gewoane dûkelmantsje is er lytser, hat er in dúdlike sânbrune kroan (ynstee fan readbrún) yn it briedkleed en mist er in donkere team.

Fersprieding en systematyk Sniedûkelmantsjes wurde yn twa ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Anarhynchus nivosus nivosus – Feriene Steaten nei Meksiko en de Kariben; oerwinteret yn Panama. Anarhynchus nivosus occidentalis - komt foar oan 'e kust fan Perû oant súd-sintraal Sily

Earder waar it sniedûkelmantsje as in ûndersoarte fan it gewoane dûkelmantsje behannele, mar sûnt genetyske stúdzjes oantoanden dat it dûkelmantsje nauwer besibbe wie oan it skiere dûkelmantsje (Charadrius marginatus) wurdt er erkend as in eigen soarte.

Hâlden en dragen It sniedûkelmantsje wurdt op sânstrannen oan kusten oantroffen, mar ek yn it binnenlân, dêr't er hastich siket nei wringeleazen yn it sân. De fûgel wurdt meast allinnich sjoen of yn lytse, losse kloften. Gruttere oantallen sammelje har op spesifike plakken nei it brieden yn 'e lette simmer en hjerst. Fûgels fan 'e binnenlannen migrearje foar de winter nei de kustkriten.

De soarte briedt op iepen terrein sûnder in soad begroeiïng, lykas strannen, sâltflakten en somtiden rivieriggen. It nêst is in lyts kûltsje, faak mei wat skelpen en stientsjes. In lechsel bestiet trochstrings út 2 oant 4 aaikes, mar meastentiids 3. Beide âlden briede. De jonge fûgels ferlitte al hiel gau nei it útkommen it nêst en kinne dan ek foerazjearje. Se fleane nei likernôch 28 oant 32 dagen.Audubon, oproppen 1 jannewaris 2026.

center|200px center|200px center|200px Aaikes Mei pyk Groep fleanende sniedûkelmantsjes

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar in relatyf lytse wrâldpopulaasje fan mar 24.000–31.000 folwoeksen fûgels (rûzing 2016). De soarte nimt ek relatyf rap ôf fanwegen minsklike fersteuring en habitatferneatiging. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret it sniedûkelmantsje dêrom as gefoelich (Near Threatened, 2020).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen