It skiere dûkelmantsje (Anarhynchus marginatus, synonym Charadrius marginatus) is in fûgeltsje yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út de famylje fan 'e wilsterfûgels, dy't foarkomt yn Sub-Saharaansk Afrika en Madagaskar.

Ferskining De fûgel wurdt trochstrings 18 sm en weaget 27 oant 44 gram. De soarte hat in soad fan it gewoane dûkelmantsje. De soarte hat lykwols net de donkere bân op it boarst. Efter de wite foarholle sit simmerdeis by it skiere dûkelmantjse mar in smel swart streekje en hy hat in ljochtere sânkleurige krún. Ek is de eachstreek fan it skiere dûkelmantsje minder kontrastryk as dy fan it gewoane dûkelmantsje. 200x200px 200x200px Skier dûkelmantsje Gewoane dûkelmantsje

Ferskining It skiere dûkelmantsje komt foar yn Subsaharaansk Afrika en Madagaskar. Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend mei de folgjende fersprieding:

Anarhynchus marginatus mechowi - komt foar yn Afrika besuden de Sahara oant noardlik Angoala, Botswana en Mozambyk. Anarhynchus marginatus marginatus - komt foar fan súdlik Angoala oant de súdwestlike Kaapprovinsje. Anarhynchus marginatus arenaceus - komt foar fan súdlik Mozambyk oant de súdlike Kaapprovinsje. Anarhynchus marginatus tenellus - komt foar op Madagaskar.

Guon ûnderskiede ek de ûndersoarte hesperius mei in lokale fersprieding yn West-Afrika eastlik oant Nigearia en Kameroen.

Hâlden en dragen Skiere dûkelmantsjes binne aktive fûgeltsjes, dy't tusken it rinnen troch regelmjittich stopje om proaikes te snippen. Se libje fral op iepen, sânich terrein oan kusten of ynlânsk wetter. Opfallend by it skiere dûkelmantsje is it triljen mei de poatsjes om proaien út it sân te twingen. As se steurd wurde kinne se ôfliedingsgedrach fertoane, lykas it imitearjen fan in ferwûne fûgel om rôfdieren by harren nêst fuort te lokken. It nêst is in ûndjip kûltsje yn it sân. Beide âlders briede.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de fûgel as net bedrige. Is is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelet.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe