De Nijjiersbrân fan Crans-Montana wie in brân op nijjiersmoarn om likernôch 01:30 oere by de jierwikseling fan 2025 op 2026 yn Bar Le Constellation yn 'e Switserske gemeente Crans-Montana. Mear as fjirtich minsken ferlearen it libben en mear as hûndert rekken slim ferwûne. De slachtoffers binne meast jongfolwoeksenen en teenagers.
Neffens it Switserske Iepenbier Ministearje wurdt op basis fan byldmateriaal tocht dat baarnende fonteinen op sjampanjeflessen de oarsaak wiene dat it plafond brân fette.NOS: 119 gewonden bij brand Crans-Montana, slachtoffers komen uit zeker negen landen, 2 jannewaris 2026.
Kategory:Brân Kategory:Ramp yn Switserlân Kategory:Barren yn 2026 Kategory:Skiednis fan Switserlân Kategory:Ald en nij