thumb|alt=een zwart-wit foto van een langwerpig houten schoolgebouw|De earste Finske skoalle yn Nederlân wie klear op 24 febrewaris 1949. Hy stie yn it wenplak fan de arsjitekten: Voorschoten thumb|Eardere Finske skoalle yn Ljouwert, Julianalaan 2 (yn 2014) thumb|Polygoon-sjoernaal fan 1 maaie 1949 oer de bou fan Finske skoallen De Finske skoalle is in soarte houten skoalgebou dat tusken 1948 en 1950 yn hiel Nederlân boud waard foar it leger ûnderwiis. It hout dêr't de skoallen fan boud binne komt út Finlân en waard levere as ûnderdiel fan in hannelsoerienkomst tusken Nederlân en Finlân, dêrfandinne de namme 'Finske Skoalle'. It ûntwerp is fan 'e bruorren Laurentius út Voorschoten. De gebouwen waarden boud troch it bedriuw Panagro.

De skoallen hawwe allegear itselde karakteristike uterlik. De yndieling fan it gebou, de gevels en de finsters binne praktysk identyk. It oantal klaslokalen kin lykwols ferskille, en guon gebouwen hawwe in ekstra yngong.

Beskriuwing De plattegrûn fan in Finske skoalle bestiet út in haaddiel en in klaslokaaldiel. It haaddiel hat dûbele bûtendoarren yn beide lange gevels. Der is ek in toilet, in opslachromte en in mienskiplike keamer dy't brûkt wurde kin as kantoar of personielskeamer. De mienskiplike keamer hat in fjouwerkant finster yn 'e sydgevel en in fjouwerkant kezyn mei twa draairamen oan 'e klaslokaalkant ûnder de dakrâne.

It klaslokaaldiel bestiet út in lange, rjochte gong mei de klaslokalen oan de lofterkant en de bûtenmuorre oan de rjochterkant. De muorre tusken de klaslokalen en de gong hat grutte finsters. De bûtenmuorre fan 'e gong hat ek grutte finsters, mar de finsterbanken binne heech pleatst, wêrtroch't der gjin útsjoch nei bûten is út de gong wei. Twa toiletten binne tsjin de bûtenmuorre fan elk klaslokaal oanlein, elk mei in lyts, fjouwerkant bûtenfinster. Oan 'e ein fan 'e gong is in doar nei bûten yn 'e sydmuorre. De klaslokalen binne ferbûn troch in doar, wêrtroch't learkrêften direkt tagong hawwe ta it oanbuorjende klaslokaal sûnder troch de gong te hoegen.

Guon skoallen binne letter renovearre en krigen in oare funksje, wêrtroch't de yndieling of it uterlik fan it gebou feroare is. In unyk foarbyld is de Finske skoalle yn Doetinchem. Ynstee fan in sealdak waard in skylddak brûkt; it dak is fan tegels, de bûtenmuorren binne makke fan fertikale planken, de finsterramen binne rjocht, en de yngong fan it gebou leit yn 'e midden.

Yn totaal waarden sawat 115 Finske skoallen boud. De measte fan dizze skoallen waarden sloopt of binne ôfbaarnd.

Kategory:Bouwurk yn Nederlân Kategory:Weropbou nei de Twadde Wrâldkriich