De Javaanske ljip (Vanellus macropterus) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). Alhoewol't der sûnt 1940 gjin betroubere waarnimmings dien binne fan 'e Javaanske ljip, is de soarte offisjeel noch net útstoarn ferklearre om't it teoretysk noch mooglik is dat der noch in tige lytse populaasje bestiet.
Ferskining thumb|left|Tekening út 1838. De Javaanske ljip is in 27 oant 29 sm lange fûgel mei lange poaten en giele hûdflappen by de snaffel. De fûgel hat in swarte kop en is fierder meast donkerbrún. Syn poaten binne giel of oranje. Oare ljippesoarten op Java ha folle mear wyt yn it fearrekleed.
Fersprieding De soarte is mei wissichheid bekend fan Java, dêr't de fûgel yn it westen foarkaam yn it noardlike kustgebiet en yn it easten yn it súdlike kustgebiet. De oanwêzigens fan 'e soarte op Sumatra en Timor is spekulatyf. Sûnt 1940 binne der gjin wisse waarnimmings dien. Der is yn 2001 en 2012 yntinsyf nei de soarte socht, mar der binne gjin waarnimmings dien. Lokale meldingen troch bewenners yn 'e gebieten om Bekasi (by Jakarta) en Lumajang (East-Java) binne net dokumintearre. It wurdt net as wierskynlik beskôge dat er yn syn eardere ferspriedingsgebiet weromfûn wurde kin, mar alle gebieten mei potinsjeel geskikte habitat binne noch net ûndersocht. Amar alle gebieten mei potinsjeel geskikte habitat binne noch net ûndersocht. Neffens de IUCN is der noch in mooglikheid dat de fûgel foarkomme kin op 'e gerslannen fan Belitung, mar dat is noch net wittenskiplik ferifiearre.
It habitat fan'e soart bestiet út drûch, steppe-eftich gerslân by rivieren dy't somtiden oerstreame.
Status It gebiet dêr't de fûgel noch libje kin is lyts en as de soarte noch foarkomt is de kâns op útstjerren grut. De grutte fan 'e populaasje wurdt op maksimaal 50 fûgels rûsd. Troch de ûnbidige befolkingsgroei kaam it leefgebiet fan 'e fûgel jimmeroan mear ûnder druk te stean. It oarspronklike habitat fan 'e fûgel waard foar bewenning en de oanlis fan rysfjilden geskikt makke. De fûgel wurdt troch de IUCN as krityk op 'e Reade list kategorisearre.
Kategory:Ljip Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje