Ljippen (Vanellus) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje fan 'e Wilsterfûgels.
De fûgels ha faak relatyf lange poaten en koarte snaffel. De poaten binne oanpast foar it wâdzjen yn ûndjip wetter of sompich lân. Se ha somtiden in opfallende túf of koptekening, mar net by alle soarten. By in oantal soarten is in spoar, in klau-eftige útgroei, oan 'e wjuk, wêrmei't se har tsjin fijannnen ferdigenje. In soad fertsjintwurdigers fan it skaai ha kontrastearjende patroanen yn swart, wyt, brún of griis. In pear soarten ha ek in opfallende giele hûdflap by de snaffel. Guon fûgels binne trekfûgels of foar in part, oare soarten binne stânfûgels.
It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit yn Euraazje, Afrika, Súd- en Midden-Amearika en Súd- en Súdeast-Aazje.
It skaai telt 23 soarten. Ien dêrfan is nei alle gedachten útstoarn: fan 'e Javaanske ljip binne sûnt 1940 gjin betroubere waarnimmingen dien.
Soarten Libbene soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend120px ljip Vanellus vanellus Euraazje hast bedrige, 25pxVanellus vanellus op BirdLife120px langteanljip Vanellus crassirostris Eastlike dielen Afrika net bedrige, ûnbekendVanellus crassirostris op BirdLife120px bûnte ljip Vanellus armatus Súdlik Afrika net bedrige, 25pxVanellus armatus op BirdLife120px spoarljip Vanellus spinosus Sub-Saharaansk Afrika, lokaal yn it Midden-Easten net bedrige, 25pxVanellus spinosus op BirdLife120px rivierljip Vanellus duvaucelii Eastlik Yndia oant Súdeast-Aazje hast bedrige, 25pxVanellus duvaucelii op BirdLife120px swartkopljip Vanellus tectus Sub-Saharaansk Afrika net bedrige, ûnbekendVanellus tectus op BirdLife120px Malabarljip Vanellus malabaricus Yndia en syn grinsgebieten net bedrige, ûnbekendVanellus malabaricus op BirdLife120px wytkrúnljip Vanellus albiceps West-Afrika net bedrige, 25pxVanellus albiceps op BirdLife120px lytse swartwjukljip Vanellus lugubris Sintraal-Afrika, East-Afrika, lokaal yn West-Afrika, Etioopje, Kenia, Tanzania, Súd-Afrika net bedrige, ûnbekendVanellus lugubris op BirdLife120px grutte swartwjukljip Vanellus melanopterus Etioopje, Kenia, Tanzania, Súd-Afrika net bedrige, ûnbekendVanellus melanopterus op BirdLife120px kroanljip Vanellus coronatus Eastlik Afrika oant súdlik Afrika net bedrige, 25pxVanellus coronatus op BirdLife120px Senegaleeske ljip Vanellus senegallus Afrika ûnder de Sahara, net yn reinwâlden net bedrige, 25pxVanellus senegallus op BirdLife120px stippelboarstljip Vanellus melanocephalus Etioopje net bedrige, ûnbekendVanellus melanocephalus op BirdLife120px brúnboarstljip Vanellus superciliosus Sintraal-Afrika net bedrige, ûnbekendVanellus superciliosus op BirdLife120px griiskopljip Vanellus cinereus Súdeast-Aazje, East-Sina, Japan net bedrige, stabylVanellus cinereus op BirdLife120px Javaanske ljip Vanellus macropterus Java krityk, mooglik útstoarn 25pxVanellus macropterus op BirdLife120px Yndyske ljip Vanellus indicus Fan súdeastlik Turkije oant Yndia en Súdeast-Aazje net bedrige, ûnbekend Vanellus indicus op BirdLife120px swartbânljip Vanellus tricolor Austraalje net bedrige, stabylVanellus tricolor op BirdLife120px maskerljip Vanellus miles Noard-Austraalje net bedrige, 25px Vanellus miles op BirdLife120px steppeljip Vanellus gregarius Sintraal Aazje fan súdlik Ruslân en eastlik Turkije oant West-Yndia krityk, 25pxVanellus gregarius op BirdLife120px wytsturtljip Vanellus leucurus Egypte, Sûdan, Midden-Easten oant Sintraal-Aazje net bedrige, ûnbekendVanellus leucurus op BirdLife120px Sileenske ljip Vanellus chilensis Súd-Amearika, súdlik diel fan Midden-Amearika net bedrige, 25pxVanellus chilensis op BirdLife120px Andesljip Vanellus respendens Ekwador oant it noardwesten fan Argentynje net bedrige, stabylVanellus respendens op BirdLife
Fossile soarten Dêrnjonken binne der noch ferskate soarten dy't inkeld bekend binne fan fossile of subfossile restanten: Madagaskarljip (Vanellus madagascariensis): oant yn 'e 14e iuw op Madagaskar liffyljip of Liffy's ljip (Vanellus liffyae): Let-Plioseen fan Austraalje lilloljip of Lillo's ljip (Vanellus lilloi): Mid- oant Let-Pleistoseen fan Argentynje downsljip of Downs' ljip (Vanellus downsi): Let-Pleistoseen fan Kalifornje edmundljip of Edmunds's ljip (Vanellus edmundi): Let-Pleistoseen fan Perû De lêste trije soarten lykje tige nau besibbe west te hawwen oan 'e Sileenske ljip (Vanellus chilensis).
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Wilstereftige