It skaai boarstelsturtpinguïns (Pygoscelis) bestiet út trije soarten pinguïns (Spheniscidae).
Neffens mitogondriaal en nukleêr DNA soe it skaai him sa'n 38 miljoen jier lyn fan oare pinguïns ôfsplitst ha, likernôch 2 miljoen jier nei de foarâlden fan it skaai grutte pinguïns (Aptenodytes). De Adéliepinguïns hawwe har op har beurt likernôch 19 miljoen jier lyn ôfsplitst fan 'e oare leden fan it skaai.
In stúdzje út 2020 konkludearre dat de ezelspinguïn eins in soartekompleks fan fjouwer ferlykbere, mar genetysk ferskillende soarten omfiemet: de noardlike ezelspinguïn (P. papua), de súdlike ezelspinguïn (P. ellsworthi), de eastlike ezelspinguïn (P. taeniata) en de nij beskreaune Súd-Georgyske ezelspinguïn (P. poncetii). Yn 2021 erkende it Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres de útstelde soarten lykwols as ûndersoarten fan 'e P. papua.
Soarten Libbene soarten Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding StatusTrend120px Pygoscelis adeliae Adéliepinguïn Antarktika, Bouvet. net bedrige25pxPygoscelis adeliae op BirdLife 120px Pygoscelis papua ezelspinguïn Falklâneilannen, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen, Kerguelen. net bedrigestabylPygoscelis papua op BirdLife120px Pygoscelis antarctica kinriempinguïn Antarktika, Argentynje, Bouvet, Sily, Falklâneilannen, de Frânske Súdlike Gebieten en Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen. net bedrige25pxPygoscelis antarctica op BirdLife
Fossile soarten Dêrnjonken binne der ek noch trije fossile soarten: Calderapinguïn (Pygoscelis calderensis) út it Let-Mioseen fan Sily grutte boarstelsturtpinguïn (Pygoscelis grandis) út it Let-Mioseen oant Ier-Plioseen fan Sily tyreepinguïn of Tyree's pinguïn (Pygoscelis tyreei) út it Plioseen fan Nij-Seelân
De Calderapinguïn en de tyreepinguïn binne op provisjonele basis yn dit skaai pleatst.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Pinguïn