Grutte pinguïns (Aptenodytes) binne in fûgelskaai fan 'e famylje pinguïns (Spheniscidae). It skaai bestiet út twa foarkommende soarte. In tredde soarte is útstoarn. Grutte pinguïns komme foar yn it arktyske en subarktyske gebiet.
De soarten yn it skaai binne de grutste en swierste pinguïns. De grutste soarte is de keizerspinguïn, de keningspinguïn is wat lytser. It lichem is goed oanpast oan ekstreme kjeld en se ha in dikke fetlaach ûnder de hûd om de waarmte te isolearjen. Fan 'e twa soarten kin de keizerspinguïn yn 'e kâldste gebieten libje. Opfallend binne de giele of oranje aksinten en de earstreek.
Se kinne tige djip dûke (de keizerspinguïn sels oant mear as 500 m) en lang ûnder wetter bliuwe.
In unike eigenskip fan it skaai is dat se briede sûnder nêst. It aai balansearret op 'e poaten en wurdt troch in tear yn 'e hûd waarm holden. By de keizerspinguïn briedt it mantsje it aai allinnich út, wylst it wyfke om iten is. By de keningspinguïn briede it wyfke en it mantsje om bar.
Beide soarten libje yn grutte en tichte koloanjes fan tûzenen fûgels. Om harren partner en pyk werom te finen wurde lûdsinjalen brûkt.
Soarten Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding StatusTrend120px Aptenodytes forsteri keizerspinguïn antarktysk/subantarktysk gebiet tusken 66° en 77° SB hast bedrige25pxAptenodytes forsteri op BirdLife120px Aptenodytes patagonicus keningspinguïn subantarktyske gebiet tusken 45° en 55° SB net bedrige25pxAptenodytes patagonicus op BirdLife
Utstoarn † Aptenodytes ridgeni (fossyl út it Plioseen)
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Pinguïn