Dooitzen de Bildt (Sint-Jabik, 1 april 1904 - dêre, 31 maart 1968) wie in Frysk keatser.

de Bildt helle 391 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1933 wûn er mei Hans Knol fan Harns en Anne van Sinderen fan Sint-Jabik foar de earste kear de PC. Dooitzen de Bildt waard ta kening útroppen. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Sjouke Helfrich fan Sint-Jabik. Wer twa jier letter yn 1937 wist er foar de tredde kear de PC te winnen, dizze kear wiene Klaas Kuiken fan Sint-Jabik en Sjouke Helfrich fan Winaam syn maten.

Dooitzen de Bildt ferstoar op 31 maart 1968 yn de âldens fan 63 jier, nei in lange tiid fan siik wezen.

Prizen 1924 - de Bond 4e priis 1925 - de Bond 5e priis 1926 - PC 3e priis 1927 - de Bond 4e priis 1929 - de Bond 2e priis 1930 - de Bond 5e priis 1931 - de Bond 2e priis 1931 - PC 3e priis 1933 - de Bond 1e priis 1933 - PC 1e priis 1934 - de Bond 1e priis 1934 - PC 3e priis 1935 - de Bond 1e priis 1935 - PC 1e priis 1936 - PC 2e priis 1937 - PC 1e priis 1939 - de Bond 3e priis 1940 - de Bond 5e priis 1940 - PC 2e priis 1942 - de Bond 8e priis 1948 - de Bond 4e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Biltsk persoan Kategory:Persoan berne yn Sint-Jabik Kategory:Persoan stoarn yn Sint-Jabik Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1968