Willem Bosma (Boalsert, 3 april 1914 - dêre, 21 jannewaris 1992) wie in Frysk keatser.
Bosma helle 128 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1936 wûn er mei Marten van der Hem fan Raerd en Anne Braam fan Seisbierum foar de earste kear de PC, Willem Bosma waard ta kening útroppen. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Folkert Hiddinga fan Weidum en Cornelis Kamminga fan Arum.
Bosma syn karriêre yn it keatsen kaam yn 1942 fanwegen de Twadde Wrâldkriich ta in ein. Nei de kriich hat er nea wer keatst. Willem Bosma ferstoar op 21 jannewaris 1992 yn de âldens fan 77 jier.
Prizen 1930 - Freule 3e priis 1933 - de Bond 6e priis 1934 - Jong Nederlân 1e priis 1934 - de Bond 6e priis 1935 - de Bond 6e priis 1935 - PC 3e priis 1936 - de Bond 7e priis 1936 - PC 1e priis 1937 - PC 3e priis 1938 - PC 1e priis 1939 - PC 2e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Persoan stoarn yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 1993