Lammert Heeringa (Ternaard, 14 maart 1922 - Rotterdam, 10 novimber 1994) wie in Frysk keatser.
Heeringa helle 68 punten foar it ivich keatsklassemint. Syn karriêre as keatser waard twa kear ûnderbrutsen. Yn 1943 troch de Twadde Wrâldkriich, dernei yn 1946 om't er foar wurk nei Hengelo ferhúze, en in jier lang alline op partijen bûten Fryslân út kaam.
Yn 1941, wûn er mei de Holwerter bruorren Pieter en Hiele de Haan de Jong Nederlânpartij. Yn 1949 wûn er mei Hotze Schuil fan Harns en Wytse Vlietstra fan Frjentsjer de PC. Lammert Heeringa waard ta kening útroppen.
Eins soene Vlietstra en Heeringa mei Jan Faber fan Peins keatse, mar Faber wie doe tsjinstplichtig soldaat. In dei foar de PC waard de tsjinstplichtige Peinzer lykwols oppakt troch de militêre plysje, de organisaasje fan de PC hat der noch fan alles oan dien om Faber wer frij te krijen, mar dat slagge net. Hotze Schuil keatsend mei Sikke Olivier en Frans Helfrich gie er yn de earste omloop mei 5-5, 4-6 ôf tsjin it partoer fan Jan Rodenhuis, en waard bylotte yn it partoer fan Heeringa as ferfanger fan de fêstsittende keatser fan Peins. Yn 1950 helle by noch in tredde priis op de PC.
Op de Bûnspartij wie wurktúchboukundige Heeringa ek in pear kear suksesfol. In fjirde priis yn 1939, in twadde priis yn 1940 en in tredde priis yn 1942 wiene de resultaten. Yn 1951 ferhuze er foar wurk nei Rotterdam en hâld er op mei keatsen op heech nivo. al keatste er in jier letter noch al in kear op de Bond Lammert Heeringa ferstoar op 10 novimber 1994 yn de âldens fan 72 jier.
Prizen 1936 - Freule 3e priis 1937 - Freule 4e priis 1938 - Freule 2e priis 1939 - de Bond 4e priis 1940 - de Bond 2e priis 1941 - Jong Nederlân 1e priis 1941 - de Bond 5e priis 1942 - de Bond 3e priis 1942 - PC 2e priis 1947 - PC 3e priis 1949 - PC 1e priis 1950 - PC 3e priis 1952 - de Bond 5e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Ternaard Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 1994