Fristho wie in fan oarsprong Frysk bedriuw dat meubels makke. De Friesche Stoel- en Houtwarenfabriek sette yn 1920 útein mei de produksje yn Huzum en yn 1923 folge in ferhúzing nei Frjentsjer. Yn 1954 waard Meubelfabryk Bergschenhoek oernaam. Yn 1971 ferhuze it bedriuw nei in nij, moderne fabryk yn Hearlen. Sân jier nei de ferhúzing gie Fristho yn 1978 fallyt.
Artistike meubels De kwaliteit fan de meubels makke it mooglik it ôfsetgebiet út te wreidzjen nei it westen fan Nederlân. Wichtige klanten as Metz & Co en De Bijenkorf joegen opdrachten foar meubels dy't ûntwurpen wiene troch foarmjouwers lykas Elmar Berkovitch, Hendrik Wouda en Ida Falkenberg-Liefrinck. Mei de tiid ûntwikkele Fristho sels him ta produsint-foarmjouwer.
krisisjieren De krisis fan de jierren 30 trof Fristho swier, trochdat it bedriuw yn 1930 in grutte partij Russysk ikehout kocht hie. De meubels dy't dêrfan makke waarden moasten troch de weromgeande prizen mei ferlies ferkocht wurde. De delgeande leanen laten ta langduorjende stakingen en it bedriuw balansearre op 'e râne fan 'e ôfgrûn. Pas yn 1939 makke it bedriuw wer in reedlike winst. De koart dêrop folgjende Dútske besetting makke de takomst wer ûnwis.
Dútske besetting Yn de troch kriichshannelingen troffen Nederlânske stêden, wie ferlet fan nij meubilêr en de meubelfabrikanten ferdielden dy produksje op basis fan frijwilligens. Al gau makke de besetter dêrfoar twingende rjochtlinen. Doe't de alliearden Dútske stêden bombardearje waarden de Nederlânske meubelfabriken ynskeakele by it produsearjen foar Dútske boargers. In sintrale Dútske ynstânsje yn Den Haag regele de ferdieling en Fristho krige in pear grutte oarders. It hout dêrfoar waard út Dútslân wei oanfierd. Troch fan de Dútske oarders de ôflevering op gewykste wize te fertraagjen koe it bedriuw it grutste part fan dat hout brûke foar Nederlânske klanten as De Bijenkorf en Metz & Co.Troch de skyn op te hâlden dat men benammen oan Dútske oarders wurke koene hast alle wurknimmers frijmakke wurde fan Arbeitseinsatz yn Dútslân.
Moderne meubels Yn 1945 waard de soan mei deselde namme fan de oprjochter direkteur fan Fristho. Nei de drege weropboujierren besleat er meubels te meitsjen dy't pasten yn de mid-century modern-styl. Mei ûntwerpen fan ûnder oare de Amerikaan William Watting, en de Deenske Inger Klingenberg, en mei it gearwurkingsferbân fan Kho Liang Ie, en Wim Crouwel keas er konsekwint foar it Skandinavysk en eigentiidsk design.
Nei Limburch Yn de rin fan de 1960-er jierren waard de konkurrinsje fan de Dútske meubelfabriken grutter. De marzjes waarden smeller en de kosten fan twa produksje-ienheden dy't net optimaal húsfeste wiene foar Fristho swierder drukke. Fanwegen de sluting fan de minen yn Limburch wiene dêr de subsydzjeregelingen foar bedriuwsfêstiging geunstiger as yn de omkriten fan de besteande fabriken. Boppedat soe de transportôfstân ta it ûnderwilens wichtichste eksportlân Frankryk oanmerklik koarter wurde. Yn in folslein nije fabryk yn Hearlen koe Fristho de produksje neffens de moderne opfettingen ynrjochtsje. Op 3 augustus 1970 waard úteinset yn Hearlen. Yn de earste drege jierren die bliken dat it gemis fan it fakmanskip út de âlde fêstigingen swierder wage as tocht wie. Dochs krige Fristho de produksje wer op oarder. Underwilens wie in sterke partner fûn yn Ingelân en ek de eksport nei dat lân foarme no in wichtich part fan de omset. Mar troch de oaljekrisis en de faluta skommelingen dy't dêrtroch ûntstien binne, gie dizze omset foar in grut part ferlern. Fristho gie yn april 1978 fallyt.
It eardere fabryksgebou fan Fristho yn Frjentsjer gie op 12 july 1971 troch brân ferlern. Ljouwerter Krante, 13-7-1971, Aan de Harlingerweg te Franeker is gistermiddag het leegstaande gebouw van Meubelfabriek Fristho geheel afgebrand
Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1920 Kategory:Bedriuw opheft yn 1978 Kategory:Bedriuw yn Frjentsjer Kategory:Frysk meubelfabryk Kategory:Nederlânsk meubelfabryk Kategory:Huzum Kategory:Hearlen