Johan Jansen (Harns, 16 maaie 1931 - dêre, 15 oktober 2001) wie in Frysk keatser.
Jansen helle 468 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1956 wûn er mei Marten van der Leest fan Stiens en Arp Hiemstra fan Ljouwert foar de earste kear de PC. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Roel Hoekstra fan Ternaard en Albert Veldkamp fan Huzum. Johan Jansen waard ta kening útroppen. Twa jier dêrnei werhelle er dat nochris, no mei Rienk de Groot fan Ljouwert en Martinus Santema fan Easterlittens as maten.
Yn 1967 naam er ôfskied fan de haadklasse mei de twadde priis yn Boalsert. Nei syn karriêre as keatser waard Jansen, dy't as kalkulator op de skipswerf Welgelegen yn Harns wurksum wie, bûnstrainer. Johan Jansen ferstoar op 15 oktober 2001 yn de âldens fan 70 jier.
Prizen 1947 - Freule 2e priis 1950 - Jong Nederlân 1e priis 1951 - Jong Nederlân 1e priis 1951 - de Bond 5e priis 1952 - de Bond 2e priis 1953 - de Bond 4e priis 1956 - PC 1e priis 1957 - de Bond 8e priis 1958 - de Bond 1e priis 1958 - PC 1e priis 1960 - de Bond 2e priis 1961 - de Bond 1e priis 1961 - PC 1e priis 1962 - de Bond 4e priis 1962 - PC 3e priis 1963 - de Bond 2e priis 1965 - de Bond 1e priis 1966 - de Bond 1e priis 1953 - PC 4e priis 1955 - PC 4e priis 1964 - de Bond 4e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2001