Johan Halbesma (Harns, 7 oktober 1941) is in earder Frysk keatser.
Halbesma helle 429 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1964 wûn er mei Rienk de Groot fan Ljouwert en Sjoerd Heeringa fan Tsjummearum foar de earste kear de PC, Johan Halbesma waard ta kening útroppen. Trije jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Klaas van Wieren fan Marsum en Hotze Schuil.
Yn 1976 hâld er op mei it keatsen om't er it te drok krigen hie mei syn wurk as direkteur fan in fiskfilearderij. Fan 1971 oant 1981 wie er ek noch bestjoerslid fan de KNKB dêr't er him dwaande hold mei de ynternasjonale kontakten.
Prizen 1958 - Freule 5e priis 1959 - PC 3e priis 1961 - de Bond 1e priis 1962 - de Bond 4e priis 1964 - PC 1e priis 1965 - de Bond 1e priis 1963 - de Bond 2e priis 1964 - de Bond 4e priis 1966 - de Bond 1e priis 1967 - de Bond 2e priis 1967 - PC 1e priis 1970 - de Bond 9e priis 1971 - PC 3e priis 1972 - de Bond 6e priis 1974 - de Bond 8e priis 1974 - PC 4e priis 1975 - PC 2e priis 1976 - de Bond 4e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1941